Goed helte fan alle Fryske snelheidsboeten by trajektkontrôle N381

juny 20, 2022 08:44

Yn 2021 waarden sa’n 109.000 snelheidsboeten yn Fryslân útskreaun. Yn ’e provinsje waarden ferkearsdielnimmers it faakst op de N381 tusken Drachten en Donkerbroek beboete. De trajektkontrôle smiet dêr ferline jier goed 57.000 faasjeboeten op, wat delkomt op 51,8% fan alle Fryske printen. Dat en mear docht bliken út in analyze fan Independer op basis fan data fan it Sintraal Justisjeel Ynkassoburo (CJIB).

Ofbylding: pixabay.com

Yn Ljouwert (12.247 boeten) en Eaststellingwerf (10.251 boeten) giene ferkearsdielnimmers ek faak oer de maksimum snelheid hinne. Op It Amelân waarden just de minste snelheidsboeten útkskreaun: mar fjirtjin kear foar te hurd riden.

Yn Waadhoeke yn trochsneed de measte slimme oertrêdingen
Yn trochsneed waard yn Fryslân ferline jier 8,5 km yn ’e oere te hurd riden, al rint dat tige útinoar. Sa wurdt yn Waadhoeke oer it algemien it hurdst riden. Fan alle boeten dêr’t de krekte snelheid yn oanjûn is, is it trochsneed tal te hurd riden kilometers dêr sels 13,5 km yn ’e oere.

De top 5 Fryske gemeenten mei it heechste tal te hurd riden kilometers is sa:

  1. Waadhoeke: yn trochsneed 13,5 km/oere te hurd
  2. It Hearrenfean: yn trochsneed 11,1 km/oere te hurd
  3. De Fryske Marren: yn trochsneed 10,7 km/oere te hurd
  4. Súdwest-Fryslân: yn trochsneed 10,5 km/oere te hurd
  5. Dantumadiel: yn trochsneed 10,2 km/oere te hurd

Yn hiel Nederlân waarden 80.000 boeten útskreaun foar minsken dy’t mear as tritich kilometer te hurd rieden.

Auto-ekspert Menno Dijcks: “In strafbeskikking fanwege te hurd riden kin grutte ynfloed op de autofersekering hawwe. Men kriget in strafbeskikking as men binnen en bûten de beboude kom mei mear as tritich km yn ’e oere te hurd rydt. Op de sneldiken leit dat op fjirtich km yn ’e oere. Dat moat de folgjende acht jier meld wurde by it oanfreegjen fan in oare fersekering. As men bygelyks in oare auto keapet of nei in goedkeapere fersekering oerstappe wol. Fersekerders kinne de oanfregers dan wegerje om’t se in ‘grutter moreel risiko’ foarmje foar de fersekerder. Se kinne har dan yn ’e takomst minder maklik fersekerje.” Ofrûne jier wiene der sa’n 48.000 minsken dy’t in strafbeskikking foar te hurd riden krigen.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer it ûndersyk.

juny 20, 2022 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.