Galery Nuweland yn Eastersee-Buorren presintearret ‘A Wilderness of Elsewheres’

juny 14, 2022 08:37 Fernijd

Op sneon 18 juny iepenet Nuweland de koarte útstalling A Wilderness of Elsewheres mei in film fan Eline Kersten.

Film ‘Ur’ fan Eline Kersten (boarne: Galery Nuweland)

Ur is in film oer it ferdwinen fan de lêste oerbosk fan Europa, it Białowieżawâld, op de grins tusken Poalen en Wyt-Ruslân. De takomst fan dy natuerlike omjouwing stiet ûnder druk troch tsjinstridige politike belangen. Ur is in stadige meditaasje oer de tsjinstelde stimmen dy’t yn dat omstriden lânskip en natuerlik erfgoed ynbêde binne, en lit sjen hoe’t politike beslútfoarming de formaasje fan it lânskip beynfloedet. De film sketst de tiidline fan 2016 oant no en jout in stim oan de minsken dy’t behelle west ha by it ferdwinen fan de bosk en de takomst fan dat plak, fariearjend fan de Poalske oerheid oant advokaten fan Client Earth en de Europeeske Kommisje. Uteinlik bringt de film yn byld wat de dea fan in libben organisme betsjut.

Byld út de film ‘Ur’ fan Eline Kersten (boarne: Galery Nuweland)

Eline Kersten (1994) fielt har oanlutsen ta de mystearjes fan ús ierde, ta de skjintme fan swide natuer dy’t amper yn it ûntwurpen en stilearre Nederlânske lânskip te finen is. De relaasje fan de minske ta de ierde, of mear lokaal, de minske ta syn direkte omjouwing, foarmet de reade tried yn har wurk. Hja is ynteressearre yn de betsjutting dy’t oan lânskippen takend wurdt troch de ferhalen deroer. Yn har wurk, benammen films en audio, rjochtet se har op spesifike lokaasjes en op de mikroferhalen dy’t yn it lânskip te finen binne.

Tagelyk is de keunstneresse, dy’t nei de Akademy yn Maastricht in master curating folge oan Goldsmiths University of London, útstallingsmakker. Gearwurking is foar har wichtich. Hja wurket geregeld mei eksterne deskundigen lykas in geolooch of in fulkanolooch, om’t se fia de wittenskip manieren fynt om it ‘ûnwaarnimbere’ te transformearjen nei it, foar de minske, waarnimbere. Hja ûndersiket ek foar hoefier’t it lânskip de minske beynfloedet. “As men ûnderdiel útmakket fan it lânskip dêr’t men jin yn befynt, dan hat de noed foar dat lânskip fuortdaliks mear betsjutting en wearde, mei’t it net inkeld ‘de oar’ oangiet, mar ek jinsels. Dat bewustwurdingsproses wol ik troch myn wurk hinne weevje, hoopjend dêr ek in ferskowing yn it tinken fan de taskôgers fan myn wurk mei tewei te bringen.”

Wurk fan Eline Kersten (boarne: Galery Nuweland)

De iepening is op sneon 18 juny 2022 fan 13.00 oant 16.00 oere yn oanwêzichheid fan de keunstner. Foarôfgeand oan de iepening – op tongersdei 16 en freed 17 juny – krije minsken de gelegenheid om op in rêstiger momint mei Eline Kersten yn petear te kommen. It is mooglik dêr in ôfspraak foar te meitsjen.

De útstalling is presys twa wike te besichtigjen oant en mei sneon 2 july 2022.

Sjoch op www.nuweland.nl foar mear ynformaasje.

juny 14, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.