Fulkaan kundiget earste dosinten Fulkaan Simmer Akademy 2022 oan

juny 23, 2022 08:52 Fernijd

De jierlikse Simmer Akademy fan Fryske talintûntwikkelder Fulkaan stiet folop yn ’e stegers. Mei oansprekkende dosinten as de Fryske sjongeres en sjonglearares Janneke Brakels (û.o. bekend as sjongeres by Kerst met De Kast en ferskate NNO-teatertours), Freed en Eric (programmamakkers en presintatoaren) en Jan Ruerd Oosterhaven (ynterdissiplinêr keunstner, kontrabassist, dosint en koördinator by Prins Claus Konservatoarium) stiet in yntinsive wike fol ynspiraasje op it programma. De Simmer Akademy wurdt fan 22 o/m 26 augustus holden yn Skouboarch De Lawei yn Drachten.

Boarne: Fulkaan

Simmer Akademy
In wike lang krije de jongelju (fan tolve jier ôf) lessen en wurkateliers fan dosinten mei ûnderfining yn de dissiplines muzyk en sang. De dielnimmers wurkje de hiele wike yntinsyf oan û.o. it ferskerpjen fan ferskate feardichheden en ûntwikkelje mei-inoar in profesjonele einpresintaasje ûnder lieding fan regisseur Gijs van Rhijn. It tema fan dit jier is ‘in nije wrâld’, rjochte op de ideale wrâld fan de dielnimmende talinten. Foaral harren eigen ynbring en fraachstikken komme oan bod.

De Fulkaan Simmer Akademy slút ôf mei in profesjonele einpresintaasje op freed 26 augustus yn Skouboarch De Lawei yn Drachten. Ynskriuwing foar de Simmer Akademy is mooglik fia de webside www.fulkaan.frl.

Taheakke: Struibrief Fulkaan

juny 23, 2022 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.