FSP-ûndersyk nei ynwennersperspektyf op Deltaplan foar it Noarden

juny 16, 2022 08:06

Ynwenners fan Fryslân binne fan betinken dat de provinsje by de útwurking fan it Deltaplan foar it Noarden net inkeld nei ekonomy sjen moat, mar foaral ek rekken hâlde moat mei gefolgen foar lânskip, taal en kultuer, en natuer en miljeu. Dochs stiet mar in fearn fan de ynwenners negatyf foar de oanlis fan de Lelyline oer en is der stipe foar it bouwen fan ekstra wenten. Dat docht bliken út ûndersyk fan it FSP. De ûndersykskonklúzjes binne woansdei oan Provinsjale Steaten fan Fryslân presintearre.

Foar Fryslân omfiemet it Deltaplan benammen de nije spoarferbining tusken Grins en Lelystêd (de Lelyline) en it bouwen fan ekstra wenten boppe op de besteande plannen en ôfspraken. It FSP hat ûndersocht hoe’t ynwenners fan Fryslân oer it Deltaplan tinke. Dêrfoar hat it planburo syn represintative boargerpanel, Panel Fryslân, befrege. De fragen giene ûnder oare oer de bekendheid mei it Deltaplan, de wurdearring fan de doelen fan it Deltaplan, en de ferwachte effekten as it plan útfierd wurdt.

Effekten Deltaplan op brede wolfeart
Wat binne de effekten fan it Deltaplan op de brede wolfeart yn Fryslân? Utfiering fan it Deltaplan sil mear negative as positive gefolgen meibringe, ferwachtsje de ynwenners fan Fryslân, benammen foar natuer en miljeu, kwalitieit fan it lânskip, en de Fryske taal en kultuer. Positive gefolgen ferwachtsje se foaral op ekonomysk mêd en wurkgelegenheid. Op in stikmannich brede-wolfeartsaspekten ferwachtsje de measte Friezen gjin effekten. Dat jildt benammen foar sûnens, feiligens, sosjale gearhing en kwaliteit fan de wenomjouwing.

Dochs (noch) gjin grutte tsjinstân
Opfallend is dat ynwenners fan Fryslân yn harren oardiel oer it Deltaplan sizze dat se de natuer en miljeu en kwaliteit fan it lânskip wichtiger as ekonomyske wearden fine. Dochs laat dy prioritearring fan wearden net ta in gruttere groep tsjinstanners fan de Lelyline of gebrek oan draachflak foar de bou-ambysjes. Nei alle gedachten sille ynwenners dy punten wol kritysk folgje by de útwurking en útfiering fan it úteinlike Deltaplan. Datselde jildt foar de posysje fan de Fryske taal en kultuer en de kwaliteit fan de eigen leefomjouwing.

Utdaging foar Provinsje Fryslân
Neffens de FSP-ûndersikers is it de útdaging oan bestjoerders en folksfertsjintwurdigers om sjen te litten dat it Deltaplan foar it Noarden (of in alternatyf plan) net allinnich oan ekonomyske wearden bydraacht, mar ek oan oare wearden dy’t ynwenners fan belang fine foar in brede wolfeart yn Fryslân.

Oer Panel Fryslân
Panel Fryslân is it boargerpanel fan it FSP. Panel Fryslân telt sa’n sântûzen leden en bestiet út in represintative miks fan manlju, froulju, jongeren (fan achttjin jier ôf), âlderein, ferskate opliedingsnivo’s, minsken mei hegere en legere ynkommens, út alle streken fan de provinsje Fryslân. Minsken kinne har net sels foar boargerpanel oanmelde, mar wurde fia aselekte stekproeven selektearre en útnûge om diel te nimmen. Om de represintativiteit te garandearjen, wurde alle twa jier nije panelleden oanlutsen. In stikmannich fragelisten wurdt periodyk werhelle, sadat feroaringen yn hâldingen, opfettingen en hâlden en dragen fan ynwenners fan Fryslân metten wurde kinne.

Taheakken:

Lês ek dit berjocht fan It Nijs: www.itnijs.frl/2022/06/yn-petear-oer-it-deltaplan-op-stim-fan-fryslan.

juny 16, 2022 08:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.