FryslânDOK ‘In oseaan fan dreamen’ – it ferhaal fan Sterke Yerke

juny 10, 2022 08:46 Fernijd

Fjouwer Fryske jonges stutsen yn 1979 op it selsboude flot Sterke Yerke de Atlantyske Oseaan oer, om ûnderweis de oaljefersmoarging te ûndersykjen. Mei in nij flot wurdt no omtinken frege foar plestiksop. De twadielige FryslânDOK ‘In oseaan fan dreamen’ is te sjen op 11 en 18 juny by NPO2 en op 12 en 19 juny by Omrop Fryslân.

Boarne: Argyf Sterke Yerke

Yn 1979 wiene se wrâldnijs. Radio, telefyzje en kranten folgen alle dagen fia Radio Scheveningen de jonge mannen en harren flot Sterke Yerke, want dat aventoer spruts ta de ferbylding. Guus en Chris Schweigmann en Leo van der Ploeg bemannen it flot, biolooch Frits Riemersma naam ûnderweis meunsters fan de oaljefersmoarging yn see. Mei dat wittenskiplik ûndersyk tsjinne de reis ek in maatskiplik doel. Sterke Yerke wie in dúdlike eksponint fan syn tiid, de santiger jierren, doe’t jongelju harren eigen koers bepaalden, en de noeden om it miljeu tanamen.

De reis wie hast dien, doe’t it flot op de rotsen fan Bonaire strâne en sonk. Seis jier letter koe de Sterke Yerke burgen wurde en waard der noch wat weardefol guod boppe wetter helle. De inisjatyfnimmers fan doe besykje no, fjirtich nei it aventoer, harren gedachtegoed oer te dragen op jongere generaasjes. Der is in nij seeweardich flot boud, de Sterke Yerke IV, dat de see op giet om omtinken te freegjen foar in nij wrâldwiid miljeuprobleem: plestiksop.

Foar Guus, Chris, Leo en Frits wie de oerstek fan de oseaan in ûnderfining dy’t harren libbens foar altyd feroare hat. Dokumintêremakker Gerard van der Veer folge de reis yn it kylwetter fan de Sterke Yerke, fan doe oant no.

Neist de FryslânDOK TV-dokumintêre is der ek de podcast ‘Sterke Yerke III – In oseaan fan dreamen’, dy’t Geartsje de Vries yn 2021 makke.

FryslânDOK: ‘In oseaan fan dreamen’ – it ferhaal fan Sterke Yerke
Sneon 11 & 18 juny NPO2 15.30 oere (werhelling sneins 13.15 oere)
Snein 12 & 19 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

juny 10, 2022 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.