Fryske útstjit broeikasgassen rint hurder tebek as yn Nederlân

juny 25, 2022 08:48

De útstjit fan broeikasgassen is yn Fryslân tusken 1990 en 2018 mei 27% sakke: fan 8,8 nei 6,4 megaton. Dat is mear as de lanlike delgong. Dy wie 16%. Yn 2030 moat de delgong yn hiel Nederlân 49% wêze. Yn 2020 stie de lanlike teller op 25,5%. Fryslân wie yn de perioade fan 1990 oant en mei 2018 ferantwurdlik foar 3,5% fan de lanlike útstjit.

Boarne: Provinsje Fryslân

Dy sifers steane yn de notysje Utfiering Klimaatakkoart Fryslân, dy’t Deputearre Steaten nei Provinsjale Steaten stjoerde. Dêr stiet yn wat Fryslân bydraacht oan it nasjonale Klimaatakkoart út 2019, dat as doel hat yn 2030 49% minder útstjit fan broeikasgassen yn ferhâlding ta 1990. Yn 2050 moat de reduksje op syn minst 95% wêze. It hjoeddeistige kabinet hat it doel foar 2030 yntusken bysteld nei minimaal 55%. Dat allegear om de feroaring fan it klimaat en stiging fan de seespegel te beheinen. Provinsjale Steaten hawwe doetiids ynstimd mei de ôfspraken dy’t foar provinsjes jilde.

Yn de notysje Utfiering Klimaatakkoart Fryslân stiet hoe’t de útstjit fan broeikasgassen yn Nederlân en yn Fryslân sûnt 1990 feroare is. It giet dan net allinnich om de útstjit fan koalstofdiokside (CO2), mar ek om dy fan metaan (KH4) en distikstofokside/gniisgas (N2O). Dy wie lanlik yn 1990 220 megaton en yn 2018 noch 186 megaton.

De delgong yn Fryslân wie 11% grutter as lanlik. Dat is foar in part it gefolch fan de beheindere ynset fan de elektrisiteitssintrale yn Burgum. Dy wurdt sûnt 2015 noch mar ynsidinteel ynskeakele, mei as gefolch dat de útstjit fan de sintrale flink ôfnommen is. Fierder litte de sifers ek in delgong sjen yn de sektor lânbou en lângebrûk yn Fryslân. De sektor ‘beboude omjouwing’ lit ek in delgong sjen. Sektoaren dêr’t de útstjit fan tanommen is binne mobiliteit en yndustry.

Boarne: Provinsje Fryslân

Provinsjale taken
De Fryske útfieringsnotysje jout ek in byld fan de provinsjale taken. De provinsje hat goed tweintich taken yn it útfieren fan it Klimaatakkoart. Foarbylden binne it stimulearjen fan sinne- en wynenerzjy, it ûntwikkeljen fan waarmteboarnen, it útfieren fan it programma feangreidegebiet, it fergrutsjen fan de enerzjybesparring yn de yndustry en it duorsumer meitsjen fan it iepenbier ferfier. De measte dêrfan binne yn tarieding of yn útfiering. Yn 2024, 2026 en 2028 wurde op ‘e nij fuortgongsrapportaazjes opsteld. De taken moatte yn 2030 folslein útfierd wêze.

juny 25, 2022 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.