Frijkaartjes foar film oer de skries

juny 29, 2022 08:38

Fan It Fryske Gea

Poster Ruben Smit Productions

Wa’t no lid fan It Fryske Gea wurdt, makket kâns op in frijkaartsje foar de premjêre fan de nijste film fan Ruben Smit. Dy giet oer de skries en is mei mooglik makke troch It Fryske Gea. De aksje duorret oant 8 july. Op 7 july giet de film yn premjêre en foar Fryslân binne de regionale premjêres op 11 en 12 juli yn De Bios yn Drachten. Under minsken dy’t al lid fan It Fryske Gea binne wurde op 8 july frijkaartsjes ferlotte.

De film Grutto is in prachtich middel om de minsken te berikken mei it earlike ferhaal dy fûgel. De skries wurdt folge op syn reis fan Senegal oer Portugal nei Nederlân en Estlân. Oeral moatte minsken en fûgels fjochtsje om te oerlibjen. De skries kin goed sjen litte hoe’t it der mei de natuer yn ús boerelân foarstiet en hoe’t ús natuer mei dy op oare plakken yn de wrâld ferbûn is.

Trochdat der op it plattelân hieltyd minder geskikte plakken binne foar it útbrieden fan de aaien en it grutbringen fan de piken, is it tal briedpearen fan de skries hjir yn de lêste fyftich jier mei 75% sakke. Dat wiist min, want fierwei de measte skriezen kamen om te brieden krekt hjirhinne. As dat sa trochgiet, stjert ús nasjonale fûgel út.

Henk de Vries, direkteur fan It Fryske Gea, wit dat de fûgelbeskermers alle jierren wer yn noed sitte oft it de skries wol slagje sil om genôch piken grut te bringen. As der gjin rêst, fretten en feilichheid binne slagget dat net. Is de maitiid min en de grûn te drûch, dan is der minder te fretten. Rôfdieren (predatoaren) binne in ekstra gefaar foar de populaasje. Der is hiel wat foar nedich om it tij te kearen. De Vries is meibetinker fan it Skrieze-oanfalsplan: “Dat plan jout de oplossing. Allinne mei langduorjende oerheidsstipe foar de boeren en yngripend gearwurkjen fan alle oangeande partijen is der in serieus takomstperspektyf foar greidefûgels. It is goed nijs dat dit jier yn Fryslân in begjin makke wurdt mei it útfieren fan it oanfalsplan.”

It Fryske Gea stiet foar natuer, lânskip en kultuerhistoarysk erfgoed. De feriening set him dêr mei 35.000 leden, sa’n 22.000 hektare grûn yn 62 natuergebieten, 350 frijwilligers, 75 meiwurkers en hûnderten gearwurkingspartners foar yn troch dy te beskermjen, te behearen en te ûntwikkeljen.

Mear ynformaasje: www.itfryskegea.nl/grutto

juny 29, 2022 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.