Fries Project Orkest spilet mei Syriërs ‘De Immigrant’
Resint ferskynd
- Ynklusive taal 0
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust 0
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper 0
De Immigrant is in foarstelling fan it Fries Project Orkest yn gearwurking mei it út Syriërs besteande The New Life Choir út Grins. De produksje is in inisjatyf fan Frans Vermeerssen en Lily Lanser en lit yn wurd, byld, dûns en muzyk sjen dat ymmigraasje fan alle tiden is trochdat minsken as gefolch fan earmoed en oarloch op syk gean nei in better bestean. De oarloch yn Oekraïne makket de foarstelling pynlik aktueel.

‘De Immigrant’ (boarne: Simmerdeis)
Ynspiraasjeboarnen foar it projekt binne: de film The Immigrant fan Charlie Chaplin, de hjoeddeiske flechtlingestream út Syrië nei Europa en de ferhuzing fan paupers nei de Koloanjes fan Woldiedigens yn Drinte. Dirigint en komponist Frans Vermeerssen út Snits hat foar it projekt nije muzyk skreaun, dy’t útfierd wurdt troch it 25-koppige Fries Project Orkest en it New Life Choir út Grins. Mei dy muzyk as útgongspunt hat Frits Boersma in montaazje makke fan histoaryske filmbylden fan ûnder oare de paupers, mei dêrby filmopnamen fan dûnsers Thomas Krikken en Shara Maaskant. Roeli Walraven hat (liet)teksten skreaun en oan de rezjy fan de foarstelling bydroegen.
It Fries Project Orkest hopet dat de produksje in stipe is foar al dy minsken dy’t hûs en hurd ferlitte hawwe moatten en foar dyjingen dy’t har harren lot oanlûke.
De foarstelling spilet mei Simmerdeis op sneon 25 juny om 14.30 oere. De yntree is € 10. Lokaasje is it Slûsfabryk, Tussendiepen 6 yn Drachten. Klik hjir om kaarten te bestellen.
Besjoch in filmke:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje