Folkshegeskoalle griene ûndernimmer
Resint ferskynd

Moarnsiten Folkhegeskoalle (© Schylgeralân)
Folkshegeskoalle Schylgeralân is troch VisitWadden bestimpele ta griene ûndernimmer.
Ien fan de takomstdreamen fan de Folkshegeskoalle is om in hûndertpersint plestikfrije groepsakkommodaasje te wêzen. Dêr wol de ynstelling mei bydrage oan in skjinnere see en in opromme eilân. As earste stap sit it moarnsiten tenei net mear yn ferpakkingsmateriaal. Gjin lytse jamkupkes mear, mar gewoan farske eilanner cranberryjam út in skaaltsje. Krekt sa lekker en sûnder plestik.
Wat der fan ’t simmer allegearre op Schylgeralân te rêden is, is te lêzen op Een creatieve zomer op de Folkshegeskoalle!
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje