Foar it earst yn 27 jier NASA-raket út Australië wei lansearre
Resint ferskynd
Foar it earst yn 27 jier hat de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA in raket út Australië wei lansearre. De BBIX-raket makke nei in stik of wat fertragingen troch rein en wyn in koarte flecht fan Arnhem Space Centre yn it noarden fan it kontinint om it komôf fan röntgenstrieling yn in beskaat gebiet oan ’e himel te ûndersykjen.

Foto: Rocket Lab
It (faak) drûge klimaat yn it gebiet en de neite fan de evenaar makket it noarden fan Australië tige gaadlik foar raketlansearringen. Yn july sille fan de Australyske basis ôf noch twa NASA-flechten 300 kilometer de romte yn. Dy binne bedoeld om Alpha Centauri A en B te bestudearjen, nei de sinne it stjersysteem dat it tichtsteby is en dat allinnich fan it súdlik healrûn ôf te sjen is. De raket en syn wittenskiplike lading binne deselde jûn noch op ierde weromkommen.
NASA is de earste klant fan de kommersjele romtebasis dy’t laat wurdt troch Equatorial Launch Australia (ELA). Santich NASA-meiwurkers binne nei de ôfhandige basis reizge foar de trije lansearringen, de earste út Australië wei sûnt 1995. Doe waarden raketten lansearre fan it militêre Woomera Range Complex ôf yn it suden fan it wrâlddiel.
Michael Jones, topman fan ELA, spruts fan in “histoaryske nacht” foar syn bedriuw. De Australyske premier Anthony Albanese sei dat mei it projekt foar de Australyske romtefeartsektor “in nij tiidrek” oanbrekt.
Liftoff! 🚀 The XQC mission is on its way to suborbital space to measure X-rays coming from the inner part of our galaxy. The entire flight lasts around 15 minutes before the payload safely parachutes back down to Earth. pic.twitter.com/SpcwzNDYhC
— NASA Expeditions (@NASAExpeditions) June 26, 2022
Fan Nij-Seelân nei de moanne
De Amerikaanske romtefeartorganisaasje hat ek in missy út Nij-Seelân wei pland. De Capstone-missy bestiet út in minysatellyt sa grut as in magnetron, dy’t yn in baan om ’e ierde brocht wurdt. It apparaat wurdt yn de ekstreem elliptyske baan brocht dy’t in nij lyts romtestasjon, de Gateway, oer in pear jier folgje moat. Capstone sil de navigaasje en kommunikaasje yn dy baan teste.
De Electron-raket soe moarn lansearre wurde, mar dat is útsteld mei’t de noch wat ekstra kontrôles nedich binne. Ofhinklik fan it waar wurdt in nije lanseardatum fêststeld. Nei de lansearring triuwt in Photon-rakettrep de satellyt op wei nei de moanne, mar mei in relatyf lege faasje. Capstone sil pas fjouwer moanne letter by de moanne oankomme, nei alle gedachten heal novimber.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje