FNP: ynvestearje yn sichtberens Frysk en streektalen

juny 15, 2022 08:45

De Steatefraksje fan de FNP wol sân ton ekstra ynvestearje yn de sichtberens fan it Frysk en de streektalen yn Fryslân lykas it Biltsk en it Stellingwerfsk. De partij komt yn Provinsjale Steaten mei in moasje.

De moasje freget út de algemiene middels foar 2023 en 2024 jierliks € 350.00, totaal € 700.000, beskikber te stellen foar Sichtberens Frysk en befoardering streektalen yn Fryslân. De FNP wol €100.000 foar it Stellingwerfsk, € 100.000 foar it Biltsk en € 100.000 foar de oare streektalen bestimme. De provinsje moat oanheakje by de besteande regelingen, stelt de FNP. De partij freget dat by de behanneling fan de Ramtnota begrutting 2023.

Sijbe Knol (boarne: FNP)

Der sit no € 75.000 yn de regeling foar ‘sichtberens Frysk’. Gemeenten, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes kinne dêr in berop op dwaan. Mei it ekstra jild kin de provinsje in substansjele stap foarút sette, tinkt FNP-wurdfierder Sijbe Knol: “Wy krije sinjalen út de mienskip dat der ferlet is. Mei in besteande subsydzjeregeling kin it allegear ienfâldich en flot begjinne. De Jongfryske Mienskip hat de Steaten in boekje mei praktyske suggestjes oanbean. Dêr soene gemeenten en oare oerheidsorganisaasjes gebrûk fan meitsje kinne.”

It útstel fan de FNP falt net samar út ’e loft. Yn de Twadde Keamer hawwe de Fryske leden Van der Molen (CDA) en De Vries (VVD) op 9 desimber 2021 in moasje oer de sichtberens fan it Frysk yntsjinne. Dy krige folsleine stipe fan de Keamer. As útwurking fan dy moasje en fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023 hawwe it Ryk en de Provinsje Fryslân op 25 april 2022 in akkoart oangeande mear sichtberens fan it Frysk (‘Sichtberensakkoart’) sletten.

Mear sichtberens fan it Frysk, bygelyks op en yn gebouwen fan de Ryksoerheid yn Fryslân, is wichtich foar de emansipaasje fan it Frysk as Twadde Rykstaal. Dêrneist hawwe de Provinsje Fryslân en de Fryske (fúzje)gemeenten yn de ôfrûne jierren tal fan konvenanten sletten oer belied en útfiering fan de taalbefoardering. De Wet Gebrûk Fryske Taal 2014 jout oan dat al dy oerheden soargje moatte dat it Frysk foarútbuorket.

De ekstra ynvestearring yn ‘sichtberens’ makket dat der foldwaande middels komme foar de útfiering. Dat jildt foar sawol it Frysk as de befoardering fan de streektalen yn Fryslân. Knol: “Mei trije ton earmerke jild foar it Biltsk, Stellingwerfsk en de oare streektalen kinne der grutte stappen set wurde. It is ek goed as dy talen noch mear sichtber makke wurde yn de iepenbiere romte.”

juny 15, 2022 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.