FNP tekenet hjoed gjin stikstofferklearring

juny 29, 2022 10:46

De Steateleden fan de FNP sille hjoed foar it Provinsjehûs gjin ferklearring oer de stikstofemisje ûndertekenje. De fraksje is fan betinken dat besluten net op ’e dyk nommen wurde mar op it plak dêr’t dat heart, yn it Provinsjehûs.

De FNP-fraksje begrypt de noeden dy’t der binne en is net wiis mei de rûte dy’t troch De Haach keazen is. De FNP hâldt fêst oan de eigen ‘Fryske oanpak’. Der is in oerskot oan stikstof yn de natuer. Yn ’e mande mei de oangeande sektor moat it provinsjebestjoer in oplossing fine en ta in oan de grûn bûne en ekstensivere foarm fan buorkjen komme. Dêr moatte perspektyf en de demokratyske legitimaasje yn foarop stean. De ynset fan de FNP foar Fryslân as lânbouprovinsje foar no en yn de takomst sil stevich wêze. Mar wol op it plak dêr’t dat heart.

juny 29, 2022 10:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.