Flaamske taksyriders hoege ynearsten gjin Nederlânsk prate te kinnen
Resint ferskynd

De taalrjochten fan de Nederlânsktaligen yn Flaanderen wurde fierder bedrige troch de opkommende ferfrânsking. Op it stuit jildt foar taksysjauffeurs yn Flaanderen de regel dat hja funksjoneel Nederlânsk prate en ferstean kinne moatte. Foar in protte taksysjauffeurs jildt dat lykwols net, benammen om Brussel hinne. Mar leafst 2600 taksysjauffeurs binne sakke foar de ferplichte taaltest. Dat is in tredde fan alle Flaamske taksyriders. In protte fan harren binne Frânsktalich of komme út in oar lân.
De Flaamske oerheid hat besletten om de taaleasken foar taksysjauffeurs te ferleegjen. It âlde minimumnivo wie gelyk oan B1, it nivo dat Nederlanners oan ‘e ein fan it tmbû yn it Ingelsk hawwe moatte. Dat wurdt no aardich ferlege en it ferstean wurdt belangriker as it prate kinnen. Boppedat krije de sjauffeurs noch twa jier de tiid om dat legere nivo te berikken.
Neffens de Flaamske minister fan ferkear Lydia Peeters is it alternatyf dat der in grutte krapte oan taksyriders ûntstiet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje