Ferkeap fan benzine-auto’s yn hiele EU ferbean

juny 8, 2022 19:56
Foto: pixabay.com

It Europeesk Parlemint hat woansdei besletten dat nije auto’s mei in benzinemotor net mear ferkocht wurde meie. Itselde jildt foar auto’s op disel. Neffens it EU-parlemint is fossile branje te skealik foar it miljeu. De maatregel wurdt yn 2035 fan krêft.

Opmerklik is dat it EU ta syn beslút kommen is op basis fan ynformaasje fan in Fries. Jan Huitema fan Makkingea, VVD-lid fan it Europarlemint, hat de gefolgen fan de útstjit fan koaldiokside troch ferbaarningsmotors foar de opwaarming fan ‘e ierde beskreaun en it nije ferbod yn stimming brocht. Huitema is grut foarstanner fan elektryske auto’s, mar is fan betinken dat dy no noch te djoer binne. Troch alternativen te ferbaljen sille de prizen fan elektryske auto’s neffens him fluch sakje.

juny 8, 2022 19:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.