Feriene Naasjes past namme Turkije oan
Resint ferskynd
Turkije wurdt net mear ‘Turkey’ mar ‘Türkiye’ neamd troch de Feriene Naasjes. De FN krige ôfrûne woansdei in brief fan de Turkske minister fan Bûtenlânske Saken Cavusoglu mei it formele fersyk om de namme te feroarjen. Sekretaris-generaal Guterres fan de Feriene Naasjes besleat fuortdaliks oan it fersyk te foldwaan.

Foto: morguefile.com
De stap folget op in dekreet fan presidint Erdogan út desimber om de skriuwwize Türkiye yn alle talen te brûken. It is ûnderdiel fan in nije merkkampanje. De Turkske skriuwwize waard al earder in protte promoate en wurdt ek op etiketten fan produkten set (made in Türkiye). Yn ’e praktyk betsjut it ek dat by offisjele ynstânsjes lykas Turkske ambassades en ministearjes yn it Ingelsk it wurd Turkey net mear foarkomme sil. It wurd ‘turkey’ betsjut yn it Ingelsk kalkoen. Neffens it Turkske regear is dat te pynlik. Om de byldfoarming oer Turkije yn it bûtenlân te ferbetterjen, sie it helpe kinne om ôf te weven mei de kalkoen-assosjaasje. Eins is it in utering fan patriottisme.
Turkije is net it iennige lân dat de ôfrûne jierren syn namme feroare hat. Masedoanië is no Noard-Masedoanië nei in polityk skeel mei Grikelân, en Swasilân waard Eswatini yn 2018.
Nederlân hat ek in nije ynternasjonale namme keazen. Yn 2020 besleat Nederlân ynternasjonaal dochs mar ‘The Netherlands’ hjitte te wollen yn stee fan ‘Holland’. Dy nammeferoaring hat ek as doel om it imago yn it bûtenlân te feroarjen. It Nederlânsk Buro foar Toerisme en Kongressen sei doe dat it Nederlân profilearje woe as iepen, fernimstich en ynklusyf.
Neffens merkdeskundige frou Kitty Koelemeijer fan Nyenrode Universiteit wie dy nammeferoaring net sa nuver, sei se doe. “De namme Hollân ropt bylden fan tsiis, klompen, tulpen, Frau Antje en Cruijff op. Ik kin my foarstelle dat Nederlân him just mear profilearje wol as in lân dat foarop giet yn technology – bygelyks yn ’e agraryske sektor -, sport en kultuer.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje