Ferdôvjend middel mdma yn sjampanjeflessen
Resint ferskynd
Der is in twadde partij sjampanjeflessen opdûkt dêr’t nei alle gedachten de harddrug mdma yn sit. It giet om trijeliterflessen fan it merk Moët & Chandon Ice Impérial, is bekendmakke troch it Federaal Voedselagentschap (FAVV) yn België.

Foto: pixabay.com
Yn febrewaris kaam de Nederlânske Voedsel- en Warenautoriteit mei in warskôging foar de oanbelangjende sjampanje. Undersiik hie útwiisd dat yn inkelde flessen mei in beskaat searjenûmer floeibere mdma siet. Yn sawol Dútslân as Nederlân wiene minsken siik wurden nei it drinken derfan. Yn Dútslân late dat sels ta in stjergefal.
Neffens it Belgyske FAVV hat plysjeûndersyk no laat ta in twadde partij fertochte flessen. Dy waarden ferkocht fia ferskate ferkeappunten yn België en fia ynternet. It FAVV meldt net oft de flessen ek yn oare lannen ferkocht binne.
Foar safier bekend hawwe yn België gjin ynsidinten west, mar it FAVV ropt minsken wol op om tige hoeden te wêzen. Oan ’e bûtenkant fan de flessen is neat ôfwikends te sjen, mar by it ynjitten falt op dat de ynhâld net brûzet en in ôfwikende kleur en rook hat. It is net bekend hoe’t de ferdôvjende middels yn de sjampanjeflessen bedarre binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje