Feie Fonyk: De gefaren fan it ploflûd ‘p’

juny 23, 2022 15:13

Kollum

boarne yllustraasje: pixabay.com

By it praten binne guon lûden gefaarliker as oare. Dêr is by alle covidynstruksje te min omtinken foar. Wês derom foarsichtich by de ‘p’ yn it wurd ‘koroanagryp’.

Us libben en sûnens wurde alle dagen bedrige troch moard en deaslach, it ferkear, ûngelokken yn ’e hûs en de tún, by kjeld en sykte. It kin goed wêze dat it gefaarlike covidmikro-organisme by ús yn ‘e hûs omtoarket. Aanst fiele wy ús net goed, snot, hoastje en foardat wy it yn ’e gaten hawwe lizze wy mei hege koarts op bêd om fan slimmer net te praten.

It binne benammen dy ûnsichtbere fijannen fan it minskdom dy’t net maklik te bestriden binne, de firussen en de baktearjes. Yn sikehuzen en oare iepenbiere gebouwen, oeral desinfiktearje se doarkrukken en kranen. Kinst by de supermerken de karren skjinmeitsje en by de yngong fan swimbaden, winkels en teäters pompkes ophingje om de hannen te ûntsmetten. Mar is it genôch?

Fansels hawwe wy Ernst Kuipers, Marion Koopmans en Jaap van Dissel dy’t ús de lêste twa jier op ‘e hichte holden oer it bestriden fan it covidûnrant en dat liket te wurkjen. Dochs hawwe se oant no ta te min omtinken jûn oan de ploflûden.

No’t de mûlekapkesplicht ôfskaft is, moat dêr wat oer sein wurde. It mei dúdlik wêze dat it útsprekken fan bepaalde wurden mear risiko’s meibringt as fan oare. Dat freget útlis. Wy hoege der net oan te twiveljen, it covidfirus wurdt troch direkt kontakt oerbrocht, mar benammen troch flibe.

Guon lûden binne sûnder gefaar. Besykje mar ris te flybjen wylst jo it lûd “aaaa” of “oooo” útsprekke. Dat wurket net. Dat is oars mei de p, de t en de k. Dus mei de ploffende bylûden. It is benammen by it brûken fan de p. Elkenien dy’t mei oermoed beweart: “Ik haw gjin lêst fan koroanagryp”, moat by it lêste wurd foarsichtich wêze, want in ‘p’ kin flybje. Hjir lizze kânsen foar wittenskip en ûnderwiis. Binne der talen dy’t gefaarliker binne as oare? Uteinlik is der direkt en oantoanber nut om it ferskil tusken lûden en bylûden te ûndersykjen, benammen de ploflûden. Soe de Fryske Akademy der in wittenskiplik projekt fan meitsje kinne, freegje ik my ôf.

juny 23, 2022 15:13
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ed juny 25, 12:36

    Benammen mei Grinzers moatst wach wêze; dy hawwe in wiete T, dentale, spetterjende ploffer. Dêr is gjin wittenskiplik projekt foar nedich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.