Feie Fonyk: Berne yn in ferkeard lichem

juny 9, 2022 19:49

Arjan Ederveen as Grinslanner boer. Boarne: Dumpert.nl

Skôging

Lisa van Ginneken is Twadde Keamerlid foar D66. Se wie in man, mar fielde har net thús yn sa’n frjemd mannelichem. Dêrom hat se har nei har skieding feroarje litten yn in frou foar safier’t soks medysk mooglik is, sis ik derby. Hawar.

Frou van Ginneken wol de wet feroarje. Neffens har moatte minsken sels útmeitsje wat se binne, man, frou of eat der tuskenyn. Dat leste hjit ‘non binair’ yn it nije jargon. It moat dus mooglik wurde om as man it gemeentehûs yn te gean en der as frou út te kommen troch by de ôfdieling boargersaken te sizzen: “Ik wol graach yn myn paspoart in letter feroarje. Der stiet no in m, mar dat moat in v wurde.“

Der binne tûkelteammen, mei alle begryp foar de wrakseling fan guon minsken. Tsjinstanners fan dy wetsoanpassing wize derop dat sa’n administrative feroaring ûnbedoelde gefolgen krije kin. Krigest dan in man (?) yn in frouslju’s klaaikeamers, of kinne sportwedstriden noch holden wurde foar froulju en manlju, om mar in pear foar de han lizzende beswieren te betinken. Kriget sa’n nije (?) frou aanst ek in útnûging foar boarstkanker ûndersyk? Der sil yn de Twadde Keamer grif in wiidweidige diskusje folgje.

Frans de Waal hat krekt in nij boek oer ‘gender’ skreaun. Dêr skriuwt er yn dat by oare primaten as minsken ek tuskenfoarmen besteane en dat der in grut ferskaat oan seksueel gedrach is. Dy meitsje der neffens him net in probleem fan. Dat leit oars by it sûchdier minske. It past wol yn dizze tiid dêr’t minsken yn ta it úterste geane om harren eigen identiteit grutte klam te jaan. Wat moatte wy hjir no mei?

By de hele diskusje moast ik tinke oan in telefyzjeútstjoering fan tsien jier lyn. Ien ôflevering fan de VPRO-searje ’30 minuten’ giet oer in Grinslanner boer Tjalling. Yn it begjin fan de film komme we mei him yn ’e kunde. Hy stapt yn syn wurkklean fan de trekker en seit: ‘Ja natuurlijk. Ze kunnen heel veel doen, mar ik blijf het gevoel houden dat ik gevangen zit in een verkeerd lichaam. En het is natuurlijk moeilijk daar berusting in te vinden.”

Neffens syn âlden wie er by syn berte neat te rêden: ”De dokter ist west, de vroedvrouw is west, alles zat derop en deraan, in ‘goud jochje”. De sabeare ‘dokumentêre’ lit yn 30 minuten sjen hoe’t Tjalling troch medyske yngrepen feroaret fan in Grinslanner boer yn in ‘boskneger’ mei útruksen earen, in brún gesicht en in útrutsen boppelippe. Uteinlik sjogge wy him yn in jeep yn in reservaat yn Zaïre.

Ik freegje my ôf oft dy hilaryske, semy-serieuze, mar ek ta tinken oansettende ‘dokumentêre’ no noch útstjoerd wurde soe, want ‘boskneger’ en in fraachteken sette by sa’n identiteitsferoaring soe grif oanlieding ta krityske fragen jaan.

De útstoering is noch te finen op YouTube.

 

 

 

juny 9, 2022 19:49
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma juny 10, 11:00

    Op dit stuit rint der tongersdeis op npo 3 in searje oer Woke. De titel is ‘Ik woke van jou’.

    https://www.npo3.nl/ik-woke-van-jou/02-06-2022/POW_05384049

    Myn earste gedachte wie, mar ris sjen wat POW der fan makket, mar no wol ik net ien fan de fjouwer programma’s misse.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.