Fakatuere heechlearaar Fryske taal en kultuer
Resint ferskynd
Heechlearaar Fryske taal en kultuer (1,0 FTE)
Fakatuere nûmer 222349
Funksje-omskiuwing
Hasto passy foar de Fryske taal en kultuer? Hasto in goede steat fan tsjinst yn ûndersyk, heger ûnderwiis en lieding jaan yn in universitêre omjouwing? Bisto ree om dy oan te sluten by ús universitêre mienskip en ús ûndersyksgroep Fryske taal en kultuer oan te stjoeren? En hasto plezier yn it dwaan fan ûndersyk dat yn kaart bringt hoe’t it Frysk him ferhâldt ta de oanwinnende maatskiplike meartaligens? Dan bisto miskien ús nije heechlearaar Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins.
Funksje-easken
Wa sykje wy?
- Do hast in sterk nasjonaal en ynternasjonaal profyl en do bist promovearre op ien fan de dielgebieten fan de Frisistyk
- Do hast in treflike reputaasje op ûndersyksmêd, dy’t bliken docht út publikaasjes dy’t relevant binne foar it profyl fan de learstoel
- Do hast ûnderfining mei it suksesfol oanfreegjen fan ûndersyksfinansiering by nasjonale en/of ynternasjonale subsydzjejouwers
- Do hast binnen it ramtwurk fan de Frisistyk lykas hjirboppe omskreaun in eigen ûndersyksline ûntwikkele
- Do hast romme ûnderfining en treflike didaktyske feardichheden, in ynnovative fyzje op (ynter- en multydissiplinêr) ûnderwiis en ûnderfining mei it jaan fan ûnderwiis en bestjoerlike taken yn BA- en MA-programma´
- Do bist tige betûft yn it suksesfol begelieden fan promovendy
- Do draachst by en joust lieding oan it ûntwikkeljen fan ûnderwiiskurrikula op it mêd fan de Frisistyk (ynklusyf ûnderwiis foar professionals) lykas ek fan oare relevante programma´s binnen deRyksuniversiteit Grins
- Do hast goede kontakten mei de Provinsje Fryslân/de Nederlânske oerheid as wichtige belanghawwenden
- Do hast likegoed ynternasjonaal as nasjonaal in relevant strategysk netwurk
- Do hast in sterke fyzje op en oantoanbere ûnderfining mei it kreëarjen fan maatskiplike ympakt, inisjearrest en nimst diel oan aktiviteiten dy’t ta doel hawwe om mei maatskiplike partners gear te wurkjen en akademyske kennis ûnder in breder publyk bekend te meitsjen
- Do hast goede kommunikative feardichheden en bist as teamspiler rjochte op resultaat
- Do hast in goede steat fan tsjinst yn treflike liederskipsfeardichheden en organisatoaryske kompetinsjes
- Do hast de kapasiteit en ûnderfining om te operearjen yn in polityk gefoelige omjouwing
- Do praatst floeiend Frysk en Nederlânsk of Ingelsk (C1 nivo fan CEFR).
Organisaasje
Ryksuniversiteit Grins en de Fakulteit fan de Letteren hawwe okkerdeis in nij strategysk plan formulearre foar de kommende fiif jier, wêryn’t de klam leit op ûndersyk en maatskiplike ympakt en op de fierdere ûntwikkeling fan ynnovative ûnderwiismetoaden (aktyf en mingd learen). Ús fokus leit op de ûntwikkeling fan ynterdissiplinêr ûndersyk en ûnderwiis op it mêd fan Sûn âlder wurde, de Folkssûnens, Enerzjytransysje en Oanpassing oan de klimaatferoaring, Digitale ynnovaasje en Keunstmjittige yntelliginsje, en Governance en Duorsume prosessen foar in duorsume mienskip. Besykje dizze link ast mear lêze wolst oer dy plannen (Strategysk plan RUG: http://www.rug.nl/(…)ategy/strategic-plan en strategysk plan Letteren: http://www.rug.nl/(…)he-state-of-the-arts).
Arbeidsbetingsten
De beneaming is op it nivo fan heechlearaar, mei in bruto moannelean, ôfhinklik fan kwalifikaasjes en wurkûnderfining fan € 5.864,- oant op syn heechst € 8.539,- (leanskaal H2 foar Nederlânske universiteiten) by in folslein tsjinstferbân. Neist dat lean ûntfangst ek noch 8% fakânsjejild en in ein-fan-it-jierbonus fan 8,3% fan it jiersalaris.
Wy hantearje de arbeidsbetingsten fan de kollektive arbeidsoerienkomst foar Nederlânske universiteiten (CAO NU). Sjoch foar neiere ynformaasje oer de arbeidsbetingsten en it wurkjen foar de Ryksuniversiteit Grins op: https://www.rug.nl/about-us/work-with-us/
De oanstelling soe idealiter sa gau mooglik wêze, mar op syn lêst mei yngong fan 1 novimber 2022.
Sollisitaasje
Do kinst oant 20 juny 2022 Nederlânske tiid op dizze funksje sollisitearje troch it sollisitaasjeformulier te brûken, sjo: https://www.rug.nl/about-ug/work-with-us/job-opportunities/?reply=00347-02S00099IP
Folje it formulier yn en upload fjouwer pdf-bestannen:
- in motivaasjebrief mei kwalifikaasjes foar de funksje
- in curriculum vitae mei in list fan fiif troch dysels selektearre bêste artikels of publikaasjes, in folsleine list fan publikaasjes en nammen, en kontaktgegevens fan op syn minst trije referinsjes
- in koarte omskriuwing fan dyn universitêre ynteresses en plannen; in ferklearring oer dyn ûnderwiisdoelstellingen en ûnderfining (totaal maksimaal twa siden)
- in relevant, karakteristyk foarbyld fan dyn skriuwstyl.
Allinnich folsleine sollisitaasjes dy’t foar de slutingsdatum ûntfongen wurde komme yn de beneaming.
De seleksjepetearen hawwe plak yn de rin fan juny en july 2022.
In proefkolleezje en in ûndersykspresintaasje meitsje diel út fan de standertproseduere. In leadership-assessment kin ek ûnderdiel fan de proseduere foarmje.
Wy ferwolkomje meiwurkers mei in grut ferskaat oan eftergrûnen en perspektiven, en wy hechtsje grut belang oan ferskaat en genderbalâns. Ús seleksjeproseduere folget de rjochtlinen fan de Sollisitaasjekoade (NVP), http://nvp-plaza.nl/download/?id=7714 de Europeeek Gedrachskoade foar de rekrutearring fan ûndersikers fan de Europeeske Kommisje, https://euraxess.ec.europa.eu/jobs/charter/code.
Akwisysje nei oanlieding fan dizze fakatuere wurdt net op priis steld.
Ynformaasje
Foar ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei:
- Anthonya Visser, dekaan fan de Fakulteit fan de Letteren, anthonya.visser@rug.nl
Dat e-mailadres leafst net brûke for it reagearjen op de fakatuere.
Ekstra ynformaasje
Lês foar mear ynformaasje it Struktuerrapport.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje