Ensafh makket skriuwer efter pseudonym I.E. Bloem buorkundich
Resint ferskynd

Ein maart waard bekend wa’t winner wurden is fan de Simke Kloostermanpriis 2022. It wie I.E. Bloem, in pseudonym. Hy krige de priis foar it berneboek It neidiel fan de twivel.
Woansdei krige de redaksje fan Ensafh neffens in berjocht op it eigen webstee fan ien te hearren dat Jan Minno Rozendal fan ‘e Westereen efter de skûlnamme stiket. Ensafh skriuwt dat de ynformaasje “tige betrouber” is.
Histoarikus Rozendal is berne yn 1979. Hy is bekend wurden troch ferskate histoaryske romans: Drift, De fluchste blanke en De masine. Fierder hat er ûnder de titel Yn eigen taal in biografy skreaun fan de dichter Anders Minnes Wybenga.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje