Earste reaksje Deputearre Steaten op stikstofbrieven fan it Ryk

juny 12, 2022 08:02

It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân (DS) hat ôfrûne freed fuortendaliks skriftlik nei Provinsjale Steaten reagearre op de beide brieven fan de ministers Van der Wal en Staghouwer dy’t it dyselde dei krige. Dy brieven geane oer de doelen fan de ministers om de stikstofproblematyk oan te pakken. Se binne bedoeld as begjin fan in petear mei de provinsjes oer hoe’t dy dêrmei omgean sille. Provinsjes kinne fan de ministeriële doelen ôfwike as se goed motivearje dat de doelen op it mêd fan de Fûgel- en Habitatrjochtline, de Kaderrjochtline Wetter en it Klimaatakkoart wol berikt wurde.

De ynfloed en gefolgen fan de kombinaasje fan de rjochtingjaande doelen fan de ministers komme DS oer it mêd. DS stiet foar de Fryske oanpak en wol mienskiplik it stikstofprobleen en de doelen op it mêd fan klimaat en Kaderrjochtline Wetter oanpakke. ‘Mienskiplik’ tsjut op in balâns tusken natuer, lânbou en ekonomyske en maatskiplike ûntwikkelingen. Perspektyf foar de lânbou is dêr fan grut belang by, ek foar draachflak yn de gebietsprosessen. Foar it fierder bestudearjen fan de plannen achtet de provinsje fan twa spesifike punten fan omtinken fan belang:

  • Kinne de rjochtingjaande doelen berikt wurde sûnder it middel fan ûnteigening?
  • Alle provinsjes moatte nei rato bydrage. As dêrfan ôfwykt wurdt, sille nije útgongspunten op harren merites hifke wurde moatte.

As de foarstellen fan de ministers slim ôfwike fan de doelen yn it Fryske útfieringsprogramma stikstof, de lânbouaginda en it feangreideprogram sil de provinsje him beriede op hoe’t dêrmei omgien wurde moat. DS seit ta dat Provinsjale Steaten sa gau mooglik in ynhâldlike analyze kriget.

juny 12, 2022 08:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.