Dútske spoarwegen meie fan rjochter net langer Herr en Frau brûke
Resint ferskynd

De Deutsche Bahn is gjin Ikea. De Dútske spoarwegen dogge net oan dookjen en foarnammen. De klant is altyd Sie en wurdt oanskreaun mei Sehr geehrter Herr of Sehr geehrter Frau. Noch wol. Fan de rjochter yn Frankfurt am Main mei dat net mear.
In klant út Osnabrück hie de Deutsche Bahn dage, om’t it spoarbedriuw freget oft klanten as Herr of as Frau oanskreaun wurde moatte. Neffens Rene Hornstein is dat diskriminaasje en wurdt er dêrtroch “psychysk ûnder druk set”. Hornstein wol dat de Deutsche Bahn in oanhef brûkt dy’t net typysk manlik of froulik is. De rjochter hat him gelyk jûn. De Deutsche Bahn moat de oanhef fan brieven feroarje en Hornstein boppedat in skeafergoeding fan tûzen euro betelje, om’t er tsjin it sin as Herr oanskreaun woarn is.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje