Dokumint Fryske Iselmarkust oanbean oan mienskip

juny 27, 2022 09:11

De winsken en ambysjes foar it Fryske Iselmarkustgebiet binne in stap fierder yn ‘e rjochting fan de útfiering. It Oanbiedingsdokumint mei dy winsken en ambysjes is fêststeld troch de gearwurkjende oerheden. Tongersdei 23 juny is it dokumint oanbean oan in fertsjintwurdiging fan de mienskip. Sjoch ek Murnser Klif mei rekreäasjeterrein by de tiid brocht | It Nijs.

Foto: Marcel van Kammen

It Oanbiedingsdokumint markearret de start nei in gearhingjende útfiering fan kânsrike inisjativen en maatskiplike doelen yn it Fryske Iselmarkustgebiet. Foar de mienskip – boargers, maatskiplike organisaasjes en ûndernimmers dy’t yn de regio aktyf binne – jout it Oanbiedingsdokumint ynsjoch yn de opjeften, oanpak en kânsen en foardielen foar it Iselmarkustgebiet.

Ferskate projekten op it mêd fan ûnder oare natuerûntwikkeling, (rekreative) ynfrastruktuer, kultureel erfgoed en it stimulearjen fan de ekonomy soargje yn de kommende desennia foar in ympuls yn it gebiet. Dêrby wurde keppelings lein mei de ûntwikkelingen dy’t yn it gebiet har beslach krije sille, lykas bygelyks dykfersterkingen en de feangreide-oanpak. De ynvestearrings soargje foar in ympuls fan de brede wolfeart en ferbetterje de kwaliteit fan it libbensfermidden, it miljeu en de wurkgelegenheid.

De bestjoerders fan de gearwurkjende oerheden, Friso Douwstra, Bé de Winter, Frans Veltman en Henk de Boer, binne ienriedich: “Yn it oanbiedingsdokumint komme alle inisjativen en partijen byinoar. Fantastysk dat dit dokumint fêststeld is. Dêrmei is in folgjende stap set nei de ynrjochting fan it Fryske gebiet oan de Iselmar. Oerheden steane dêrby yn ferbining mei de mienskip. Yn ’e takomst kin de mienskip ek meitinke, winsken kenber meitsje, inisjativen oandrage én partisipearje en ynvestearje.”

De winsken en ambysjes binne foar de kommende tritich jier formulearre. De provinsje Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente De Fryske Marren en Wetterskip Fryslân wurkje dêrby gear. De mienskip wurdt dêr ek nau yn behelle. Dy draacht ideeën en winsken oan, lykas resint by ien fan de fjouwer boargerpartisipaasje jûnen.

juny 27, 2022 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.