Doede Wiersma: Wêrta is de ierde skepen?

juny 12, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Ienris kaam de Geast fan God oer de gaos en doe waard de gaos skepping.
Mei Pinkster fiere wy it grutte geskink fan dy Geast. Dy besielet ús ta de werskepping fan de skepping. It kin net oars of wy moatte Genesis mei nije eagen begjinne te lêzen.

Ik tink net dat it de bedoeling fan Genesis 1 is om antwurd te jaan op ’e fraach hoe’t de ierde ûntstien is. Neffens my is it in antwurd op ’e fraach wêrta, mei hokker doel, de ierde skepen is. It giet net om feiten, mar om motiven en idealen!
As wy it sa sjogge is it each mear rjochte op ’e takomst as op it ferline. It is in dream hoe’t, neffens leauwige minsken, de skepping funksjonearje kin.
Yn it tsien kear werhelle ‘lit der … komme’ leit opsletten: ‘sa moat it funksjonearje!’

Yn har nijsgjirrich boek Verhalen over het begin skriuwt Ellen van Wolde dat it yn Genesis 1 giet om de foarrang fan it totale eko-systeem. Dát is de kroan fan de skepping, en net de minske. Dy minske hat der altiten in hantsje fan om himsels yn it middelpunt te setten en de dingen nei him ta te lûken. Dat it om it gehiel fan ’e skepping giet, blykt út it sân kear brûken fan wurden as alle, alles, hiele. Sân kear symbolisearret de totaliteit!

It geweldige fan Genesis 1 is, dat alles mei alles gearhinget en dat alles op alles oanwiisd is. It giet om de foarrang fan dat ferbân en dat moat yn it plak komme fan de minske as kroan fan de skepping. Genesis 1 is de dream fan God oer de ûnderlinge ôfhinklikens en it mienskiplik lok fan alle skepsels. Dat hjit yn de Bibel: Sjaloom.

Sille wy meidreame mei God?

Lêze: Genesis 1:29-31

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
juny 12, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.