Doede Wiersma: It kwea is der
Resint ferskynd
Oertinking
In heit bringt syn lyts jonkje op bêd. Ferhaaltsje fertelle, gebedsje foar de nacht, eefkes koese, ynstopje, grouwe tút… en no mar lekker sliepe! Heit stiet al by de doar en dan freget it jonkje: “Wêrom is mem hjir net mear?”
De heit komt werom, giet neist it ledikant sitten, pakt de hân fan it jonkje yn sines en seit: “Wêrom is mem hjir net mear? No, dat is lyts begûn. Wy hienen freonen, kamen byinoar op besite, gongen mei-inoar te dûnsjen en op fakânsje. Dy frou koe wille meitsje, wie o sa spontaan, en fan it iene kaam it oare. Ik gong mei har wolris te tennisjen, inoar wat pleagje, in eintsje om yn ’e auto, earne sitte te drinken. Dan wie der yn my in stim dy’t sei: Net dwaan, net fierder gean, hjirmei ophâlde. Mar in oare stim sei: wat kin ’t skele, wat soe ’t hinderje! Mem fielde dat ik de holle der net mear by hie, net mear by har. Op ’t lêst binne wy útinoar gien. Doe’t it te let wie, gongen my de eagen iepen. No mis ik har, en do dyn mem.”
De slang, sa glêd as in iel, ûnsichtber. Ynienen is er der. Mei in tonge fan flewiel, mar lang om let byt er en spuitet er fergif. De slange, symboal fan ynfloeden dy’t ús betsjoene en meilokje nei it kweade.
Lit ús wach wêze en sterk stean! De slange is slûchslim en samar binne wy it paradys kwyt.
Fedde Schurer paste it op himsels en op ús ta:
In slange hat myn brein omwuolle,
in slange sling’re om myn hert.
Ik haw mei myn betize holle
nei syn temûk gesister heard.
Lêze: Genesis 3:1-6
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje