Doede Wiersma: De skepping fan Chagall (2)
Resint ferskynd
Oertinking
It driuwtsjil op it skilderij ‘De skepping’ fan Marc Chagall jaget dat wat fan God komt nei de wrâld. Chagall makket it sichtber yn de menorah (sân-earmige kandler), Mozes mei de Tora (boekrol mei de earste fiif Bibelboeken), David mei de harpe – de psalmen –, de rabby dy’t lesjout, slachtoffers fan de holocaust dy’t fan it leauwe tsjûge ha, mar benammen en dan yn it hert fan it skilderij, de rjochtfeardige oan it krús.
Hoe’t wy dêryn God belibje, hearre wy yn in fers dat Chagall skreau nei in besite oan in konsintraasjekamp.
No’t ik hjir sa stean
komt David by my
syn harpe yn ’e hân.
Hy wol by my wêze yn myn fertriet
en Psalmen foar my sjonge.
En nei him komt Mozes.
Hy ljochtet fan fierren foar my op.
Al lang fiel ik de glâns fan syn strielen,
en de besieling dy’t fan him útgiet.
Jo en ik soene sa’n driuwtsjil tekenje moatte en op de úteinen dêrfan skriuwe kinne wêr’t God foar ús, hiel konkreet, de driuwende krêft yn is.
Lêze: Jesaja 41:10 en 13
Sjoch ek De skepping fan Chagall | It Nijs
Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje