Doede Wiersma: De ierde ‘him(m)elje’

juny 5, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

Salang’t ik preekje, haw ik om Pinkster hinne Jesaja 32:15-17 oanhelle. Hoe’t dat komt? As studint lies ik it boek Herschepping fan dr. Oepke Noordmans. It rekke my dat hy it hie oer ‘de mear as minsklike dingen yn it wurk fan de Geast’.
Dat de Geast minsken besielet, entûsjast makket om yn de Geast fan Jezus te libjen, dat wie my bekend. Mar dat de Geast langst hat nei fernijing en befrijing fan ’e skepping, dat wie nij foar my. Doe’t ik dat fûn yn Jesaja 32 en Romeinen 8, makke my dat bliid. Wat krige it leauwe sa in alluere!

Yn Jesaja syn tiid wie der grut ûnrjocht yn ’e mienskip. De boppelaach waard ryk troch de earmen te bestellen. Der wie omkeaping yn ’e rjochtspraak. Lytse boeren, widdowen en wezen waarden dêr de dupe fan (Jesaja 1:13; 5:8; 10:1 en 2).
Yn in flymskerpe rymspreuk spriek Jesaja it oardiel út:

Ik, de Hear, ferwachte goed bestjoer,
mar it waard bloedbestjoer.
Ik ferwachte rjochtsbedieling,
mar it waard rjochtsfernieling (5:7).

Jesaja hie op syn basisskoalle leard dat Jahwèh foar in mienskip “it rjocht as mjitline en gerjochtichheid as sjitlead nimt” (28:17).

Dêrom kin it net oars, as de Geast fan dy God útstoart wurdt, dan sil it rjocht yn ’e woestyn wenje en de gerjochtichheid syn thús hawwe yn it hôf. Dy gerjochtichheid bringt frede (sjaloom) en dêrmei rêst en feiligens foar altyd.
Wa’t fanwegen oarloch, terreur, ûnrjocht, honger, epidemyen, miljeufersmoarging ensafuorthinne ús ierde as woestyn belibbet, dy kriget grut langstme nei Gods Geast dy’t de ierde him(m)elje wol. Dy lit de Geast yn him/har pleitsje mei suchten dêr’t gjin wurden foar te finen binne (Romeinen 8:26).

Lêze: Romeinen 8:19 en 22-26

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)

juny 5, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.