Dit jier al goed in tredde mear wenningynbraken yn Fryslân

juny 28, 2022 08:42

De earste fiif moanne fan 2022 waard al 281 kear ynbrutsen yn Fryslân. Dat is 32,6% mear as yn deselde perioade in jier earder. Doe gie it om 212 ynbraakynsidinten. Benammen yn Tytsjerksteradiel en op It Hearrenfean waard in protte ynbrutsen. Dat en mear docht bliken út in analyze fan Independer op basis fan de lêste gegevens fan de Nasjonale Plysje.

Foto: pixabay.com

It tal wenningynbraken naam yn Tytsjerksteradiel ta fan 5 nei 24 en op It Hearrenfean fan 9 nei 28. Yn beide gemeenten dus 19 mear. Yn De Fryske Marren wiene dit jier tsien ynbraken mear as yn 2021.

Net yn alle Fryske gemeenten naam it ta. Minder ynbraken wiene der yn Ljouwert (-8), Waadhoeke (-5), Weststellingwerf (-2) en op It Amelân (-1). Yn fjouwer oare gemeenten bleau it tal ynbraakynsidinten gelyk.

Trije gemeenten goed foar de helte fan wenningynbraken
De helte fan de registrearre wenningynbraken dit jier is werom te lieden nei mar trije fan de achttjin Fryske gemeenten: Ljouwert (94 meldingen), folge troch Súdwest-Fryslân (32) en It Hearrenfean (28). It minst faak waard ynbrutsen op Skiermûntseach, Flylân en It Amelân. De plysje krige dêr dit jier oant no ta gjin inkelde ynbraakmelding.

Kâns op ynbraak it grutst yn Tytsjerksteradiel
Wurdt it tal wenningynbraken tsjin it tal húshâldens ôfset, dan kin men de ‘ynbraakkâns’ de gemeente ferlykje. Mei troch in tanimmend tal ynsindinten, blykt de kâns op ynbraak dan it grutst yn Tytsjerksteradiel te wêzen. Op tûzen húshâldens waard dêr fan jannewaris oant en mei maaie 1,76 kear ynbrutsen. Dat is folle heger as de provinsjale trochsneed fan 0,95 ynbraken op tûzen húshâldens.

De top 5 fan gemeenten yn Fryslân mei de grutste kâns op ynbraak is sa:

  1. Tytsjerksteradiel (1,76 ynbraken op tûzen húshâldens)
  2. Ljouwert (1,48 ynbraken op tûzen húshâldens)
  3. It Hearrenfean (1,22 ynbraken op tûzen húshâldens)
  4. Harns (1,06 ynbraken op tûzen húshâldens)
  5. Opsterlân (1,03 ynbraken op tûzen húshâldens)

Benijd nei hoe’t de rest fan de provinsje skoart? Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te lêzen.

juny 28, 2022 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.