De pystigens fan Bill Cosby kostet him sinten

juny 22, 2022 11:15
Bill Cosby (foto: John Mathew Smith, CC BY-SA 2.0)

De Amerikaanske akteur Bill Cosby, yn Fryslân benammen bekend fan syn rol as dokter Huxtable yn de telefyzjerige The Cosby Show, moat in frommeske krapoan in heal miljoen euro oan skeafergoeding betelje. Neffens in rjochtbank yn de Amerikaanske dielsteat Kalifornië hat Cosby har doe’t se sechtjin wie twongen hawwe soe om him de kul te streakjen. Dat soe yn 1975 bard wêze. Neffens Cosby is der neat fan oan.

De akteur is de lêste jierren troch ferskate froulju foar it stekje dage, om’t er him oan harren misgien wêze soe. De measte saken kamen net foar de rjochter, om’t se te lang lyn wiene. Yn in oare saak waard Cosby yn heger berop frijsprutsen.

juny 22, 2022 11:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.