CityProms begjint oer twa wike

juny 10, 2022 08:37

Oer in lytse twa wike begjint CityProms Festival. In fergees muzykfestival yn Ljouwert, mei plak foar hûnderten (amateur)musisy út it noarden.

Sjongeres fan Zo! Gospelchoir op CityProms 2019 (foto: Ruben van Vliet)

Fan modern klassyk oant jazz, soul en HaFaBra. Al mear as tsien jier makket CityProms Festival namme as it feest fan ferskate smaken. Neist muzyk hechtet it festival sterk oan edukaasje, ynnovaasje en it mei-inoar spyljen fan hûnderten musisy. De goed fjirtich konserten wurde op bysûndere en faak sfearfolle lokaasjes yn it sintrum fan Ljouwert jûn. Publyk mei der by alle konserten fergees yn. CityProms stiet bekend om syn treflike en faak ynteraktive jeugdfoarstellingen.

CityProms 2022 is fan 22 oant en mei 26 juny. It festival is in goede reden om de histoaryske haadstêd te besytsjen. Alle nijtsjes oer it programma binne te finen op cityproms.nl.

Ynformaasje oer ferbliuwsakkomodaasjes is te finen op: visitleeuwarden.nl en friesland.nl.

juny 10, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.