Cargo Shanghai Fryslân

juny 13, 2022 06:47

Foto © MV

In nijsgjirrige foarstelling yn in omboude kuolwein. Ut Ljouwert wei troch in part fan Fryslân om nei sa’n twa oeren foar de Harmonie ho te hâlden. De start is oan de Snekertrekweg 1, dêr’t de teäterwein stiet mei oan de iene kant in grut finster fan sa’n tsien meter breed, mei dêrfoar in skerm dat op en del giet, en binnendoar oan de oare kant banken foar de taskôgers.

Trije ferhaallinen rinne yn de foarstelling trochinoar hinne. Transport fan poppefieding fan Campina út Ljouwert wei nei Sina ta, wylst de filmrûte op it skerm oarsom rint, by de grutte kontenerbedriuwen út Shanghai wei, fia in boat nei Turkije, om dêrnei mei de frachtwein troch Europa nei Fryslân te gean. Under de foarstelling sjocht men dêr op it skerm geregeldwei filmbylden fan.

De Sinezen binne sljocht op poppefieding, om’t de produksje yn Sina sels in minne namme hat. Dat late derta dat der in hamsterraazje ûntstie om de fieding út Nederlân, mei as gefolch in soad problemen foar ússels.

Twadde ferhaalline: tuskentroch wurde in protte ûnderfiningen ferteld fan de beide sjauffeurs Louw en Willem, dy’t mear as tritich jier op de frachtwein riden hawwe yn grutte dielen fan Europa en derbûten en dy’t in protte ynformaasje jouwe oer it libben fan de sjauffeurs sels, de problemen mei dûane en polysje, de gefaren fan berôvingen, mar ek oer de feroaringen troch al dy jierren hinne fan de easken oan en de útrissing fan de wein.

Under it riden giet út en troch it skerm omheech en sjocht men it lânskip, de greiden, en dan stiet de wein ynienen op it hiem fan in boer dy’t útlis jout oer syn bedriuw en de noeden om it bestean. Om letter earne oars yn in stâl te stean, dêr’t as it skerm wer omheechgiet, alderhande kowe-eagen nei ús dikerje.

Foto © MV

Ik sil it net ferklappe wêr, mar it wie soms dreech om te sjen wêr’t we no eins wiene. Underweis wie trije kear in sjongeres op de dyk te hearren.

Foto © MV

It is eins in soarte fan roadmovie mei muzyk op de Fryske diken, makke troch jonge Fryske keunstners en produsearre troch it Dútske Rimini Protokoll; dizze simmer is it in únderdiel fan de Arcadiamanifestaasjes.

Men moat der wol gau by wêze, want it ridende teäter is spitigernôch mar oant 23 juny te sjen (alle dagen behalve moandeis). Ynformaasje: Cargo Shanghai Friesland»Arcadia

Matthijs Verkuijl

juny 13, 2022 06:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.