Briefkje oer taal (18)

juny 21, 2022 08:01

Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch Briefkje oer taal (17) | It Nijs)

Bêste Jan,

Do hast my wer wat wizer makke: de funksje yn it digitale wurdboek mei it stjerke (*) plus in tiidwurd koe ik net. Tige praktysk, hear. It wurket ek foar kombinaasjes mei oare wurdsoarten. Sa kinst bygelyks ek yn ien kear alle bynwurden einigjend op -dat fine.

De (net)skiedberens fan gearstalde tiidwurden sitte mear nijsgjirrige kanten oan. Yn Tiidwurden fan Dick Eisma en Jan Popkema, haadstik 5, wurdt útlein dat in tiidwurd skiedber is as de klam foaroan leit (omseagje: hy seaget de beam om). Dat is in dúdlike regel, mar dy jildt dus net as it foarste part in haadwurd is (ierappelskile: ik ierappelskylde). Dat makket dy gefallen fan ûnskiedberens namste opfallender. In markant ferskil tusken Hollânsk en Frysk. In oar ferskil is dat by gearstalde tiidwurden de klam yn beide talen oars lizze kin. Dat is gauris it gefal as it om in tiidwurd giet dat mei in ferhâldingswurd begjint, lykas troch of oer. Oan ’e ein fan § 5.2 yn Tiidwurden stiet in rychje foarbylden.

Der is wat mei myn taalgefoel dat ik as twatalige hjir oan dy foarlizze wol. Ik nim efkes it tiidwurd kofjedrinke/koffiedrinken as foarbyld (ik besocht kofjesette/koffiezetten, mar dat tiidwurd wurdt yn it Hollânsk net ferbûgd). Yn beide talen wurdt it mulwurd oaninoar skreaun. Yn it Frysk hat dat gjin ge- (gjin inkeld Frysk mulwurd ommers, of it foarheaksel moat der sa ‘ûngemurken’ ynslûpt wêze, mar dat binne útsûnderings), mar yn it Hollânsk komt dat foarheaksel foar it hannelingspart en net oan it begjin. Dus net gekoffiedronken, mar koffiegedronken fansels. Fansels? No wit ik ek wol dat dat yn it Hollânsk gewoan is (it is ommers ek autogereden, feestgevierd), mar myn Fryske taalgefoel seit wat oars. As sa’n tiidwurd lykas kofjedrinke (mar ek autoride of feestfiere) sa sterk as ienheid field en dêrneffens ferbûgd wurdt, dan soe dat net besteande foarheaksel by it mulwurd foarop moatte. Sa fiel ik dat oan, al is der gjin foarheaksel ge-. Dat taalgefoel – en sis mar earlik ast dat nuver of ferkeard fynst – waard fersterke doe’t ik út ’e mûle fan myn pakesizzer hearde: ‘Ik heb al gehandewast.’ It famke fan tsien wennet yn Drinte en heart yn ’e famylje mar sa út en troch wat Frysk.

Noch wat oars: ik haw wolris praat heard oer betsjuttingsferskil tusken hy autorydt en hy rydt auto. It iene soe ynhâlde dat er wol autoride kin, mar gjin auto hat en it oare dat er automobilist neamd wurde kin. Sa soe men ek hy pianospilet ûnderskiede kine fan hy spilet piano. Hasto dêr wolris oer heard? En soe der noch ien wêze dy’t dat ûnderskied yn eare hâldt? It is oars wol in nijsgjirrige nuansearring.

En dan no op nei Nij Bertilla. Ik haw my ek fernuvere oer de namme ‘Neibertilla’. Dy sil grif bewust sa keazen wêze. Mar wêrom is my net dúdlik; is op it webstek (fan ZuidOostZorg) ek net te finen. Dat it in staveringskwestje is, wol my net oan. Der sil grif in ynhâldlike eftergrûn mei anneks wêze. Ik sil der ris nei fernimme.

As lêste noch in opmerking oer in sintsje út it wurdboek. In konstruksje dy’t ik faker tsjinkom, mar dêr’t wy earder yn ús briefkjen alris krityk op hienen. It giet om de útlis fan de útdrukking net hekse en blaufervje tagelyk kinne. Do hast ferline wike letterlik oernommen, dat soks sein wurdt as men hurder moat as men kin. Dêr mist it bynwurd dat: hurder as dat men kin. Dat betsjut ommers wat oars. Wy hawwe it dêr al earder oer hân, mar it komt yn it wurdboek withoefaak foar. Of sit it dochs oars as dat wy tinke?

Mei freonlike groetnisse,

Ed

juny 21, 2022 08:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.