Briefkje oer taal (17)

juny 14, 2022 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn lêste brief (sjoch Briefkje oer taal (16) | It Nijs)

Bêste Ed,

Wy hiene it de lêste kearen oer ‘los en fêst’, it wol of net oaninoar skriuwen fan gearstalde wurden. Do neamdest ferline wike in spesjale kategory, lykas hanwaskje en krantlêze. Dêr seisto fan: fêst en perfoarst net los!

Yn it Frysk binne der, mear as yn it Hollânsk, fan dy tiidwurden dy’t oan de foarkant in oankeppele haadwurd hawwe. It binne tiidwurden dy’t in trochgeande aksje oanjouwe[1]. Wy dogge wat mei it haadwurd dat der foarplakt is: wy waskje de hannen, lêze de krante, siede it iten en sûgje stof. Kinst sizze: ik itensied, ik itensea en ik haw itensean. De Hollanner seit: ik kook het eten. Wy sizze: sy kofjedrinkt, sy kofjedronk en hat kofjedronken. De Hollanner: zij drinkt koffie en dronk koffie, mar wol zij heeft koffiegedronken en ik zag dat zij koffiedronk.

Wa’t ûnwis is oft in tiidwurd ûnskiedber is, kin dat maklik opsykje. Typ yn it linker sykfinster fan it digitale Hândwurdboek Frysk in * en dêroan fêst bygelyks it tiidwurd sykje. Der ferskynt no in hiele rige wurden dy’t allegearre op sykje einigje. It earste is aaisykje en yn it lêsfek sjogge we dat de doetiid aaisocht en it mulwurd (haw) aaisocht is. Dus ûnskiedber. Ek goed om te witten: yn de foarkarswurdlist (sjoch www.frysker.nl) steane by de tiidwurden de bûgingsfoarmen (klik op de knop Sykje) fan alle persoansfoarmen en de beide mulwurden.
Besjoch de oare wurden yn de lange rige ek. Alle gearstallingen mei in haadwurd blike ûnskiedber te wêzen. De gearstallingen mei op, ôf, oan, troch en út blike yn de doetiid wol skiedber te wêzen (ik socht op ensfh.), mar dat binne dan ek gjin haadwurden. Fan ûndersykje soe men tinke dat it skiedber is, want ûnder is gjin haadwurd. Dochs sizze we net: de dokter socht my ûnder, mar hy ûndersocht my.

No in proefke mei *fervje. Grûnfervje en plintfervje blike ûnskiedber. Do neamdest yn dyn brief fan ferline wike kezynfervje. Dat wurdt yn it wurdboek net neamd, mar as plintfervje wól kin, wêrom soene kezynfervje en goatefervje dan nét kinne? Ik tink dat it foar wurdboekmakkers net te dwaan is en neam alle gearstallingen dy’t mooglik binne.

Nóch ien mei fervje: blaufervje. Dat wurdt ek ferbûgd mei blauferve. Hiene we ik ferve blau sein, dan soene we letterlik it striken mei blauwe ferve bedoeld hawwe. It giet hjir lykwols om it wurd blau dat yn in pear útdrukkingen foarkomt: ‘hy blauferve de dingen graach’ (hy mocht graach opskeppe). De oare is ‘ik kin net hekse en blaufervje tagelyk!’, dat sein wurdt as men hurder moat as men kin. Dat sil yn de doetiid en as mulwurd yn de praktyk net foarkomme.

It Frysk hat folle mear fan dy ûnskiedbere tiidwurden as it Hollânsk. Dat hat: beeldhouwen, bekvechten, dubbelklikken, glimlachen, heupwiegen, raadplegen en stofzuigen en dan hâldt it wol sawat op[2]. Dat nijsgjirrich aspekt fan de Fryske taal is wat om wiis mei te wêzen. As wy  – mei troch it dominante Hollânsk – de ûnskiedbere tiidwurden yn ús praten en skriuwen net mear brûke, dan wurkje we deroan mei dat it Frysk in dialekt fan it Hollânsk wurdt. It binne krekt sokke eigenheden dy’t derta dogge!

Wat oars: yn skreaune teksten fan minsken út de Wâlden sjoch ik gauris dat se muoite hawwe mei de stavering fan it ij-lûd. Se skriuwe bygelyks: ‘neie klean’ en ‘dy hûn hjit Beike.’ Dat lêste wurdt al dreger omdat beike ‘lytse bei’ (kleine bes) betsjut. As ien út de Wâlden ‘de folder bevat nieuwe, nadere informatie’ oersette wol, skriuwt er dan ‘neie, neiere ynformaasje’?
Ik kom dêrop, trochdat ik fan ’e wike it adres fan Nij Bertilla yn Drachten opsocht. Ik hie wolris fan it tehûs Bertilla heard en doe’t immen it oer Nij Bertila hie, tocht ik oan in ynstelling dy’t plak en funksje fan it âlde Bertilla oernommen hie. Mar dy skriuwwize bestiet net; it is Neibertilla! Doocht myn redenaasje oer in nije ynstellng net ern hat de namme in hiel oare betsjutting? Of hat it mei it net witten hoe’t it ij-lûd stavere wurde moat? Of stiet de gongbere skriuwwize te fier fan de Wâldske útspraak ôf? Der is grif wol ien dy’t wit hoe’t it sit.

Mei freonlike groetnis,

Jan

[1] Mear dêroer yn Jan Popkema, Tiidwurden (8ste pr.) § 5.1
[2] Sjoch evt. Stofzuigen: stofgezogen / gestofzuigd – Taaladvies.net

 

juny 14, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.