Briefkje oer taal (16)

juny 7, 2022 08:00

Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch Briefkje oer taal (15) | It Nijs)

Bêste Jan,

yngean op dyn fraach oer al of net in n efter sokke hoech ik eins net, want Henk Wolf hat dêr al moai klearrichheid yn brocht. Mar it kaam my fuort yn ’t sin hoe’t dat by my yn ’e holle sit, of better, hoe’t it deryn kommen is. Doe’t ik my it Frysk begûn eigen te meitsjen, om 1980 hinne, spruts de muzyk fan Irolt my tige oan en de teksten hawwe my ta help en stipe west. Yn ien fan de ferskes (it kin op de lp Kattekwea west hawwe, mar dat wit ik net mear) kaam de rigel foar: ‘dêr leare sokken fan.’ Dat hear ik no noch: leare sûnder n en sokken mei in n!
De útspraak fan it lûd yn fan sil my grif ek opfallen wêze. By it oanlearen fan it Frysk is it dus nuttich om goed om jin hinne te harkjen, wol ik mar sizze. Mar dêr sit him dan ek it probleem fan de ferkearde foarbylden. Henk skriuwt dat we yn it Frysk de n skriuwe as we dy útsprekke. By Nanne Kalma siet dat wol goed, mar perfoarst net by eltsenien. Hoe moat it as der hieltyd mear lju binne dy’t de n net útsprekke dêr’t dat wol wenst is en oarsom de n sizze dêr’t er net heart?

Skiedberens fan (tiid)wurden is nijsgjirrich, mar ûnskiedberens is yn it Frysk ek in markant fenomeen. Spitigernôch stiet it tige ûnder druk. Ik bedoel de bekende foarbylden: toskboarstelje, kofjedrinke, fuotfeie, ensfh. Hoe faak heart men net: ‘Moatst de hannen efkes waskje.’ Skande as it Frysk sa ôfbroazelet: ik haw al hanwosken en ek al bûthúsfage, kezynferve, souderhimmele, krantlêzen, deiboekskreaun en noch folle mear!

Okkerdeis lies ik in sintsje dêr’t ik my oer fernuvere, mar net rjocht it nuvere derfan trochhie. Der stie sokssawat as: ‘om de tradysje libjend te hâlden.’ Wêrom hawwe wy it wol oer boartsjende bern, mar net oer libjende talen? Lit ús de libbene talen libben hâlde, is ’t net sa? It fuortsettend mulwurd libjend sil net ferkeard wêze, mar wy sizze altyd libben. Of soe der in lyts betsjuttingsferskil tusken dy beide(n) sitte?  Skaait libben faaks wat mear út nei libbendich en wurdt mei libjend sljochtwei ‘net dea’ bedoeld?
It is sa dat hoeden (foarsichtich) fan oarsprong ek in fuortsettend mulwurd is, mar it fielt oars as hoedzjend. Mije is gjin je-tiidwurd, mar ek dêrfan haw ik noch nea it fuortsettend mulwurd mijend sjoen, mar wol it eigenskipswurd mijen. Skoan te begripen oars: as jo dingen mije, wurde jo fansels mijen, dimmen, skruten, bangich en bleu.

Safier myn prakkesaasjes mar wer.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

PS It o sa nuttige boekje Mei freonlike groetnis is net mear te krijen; sels antikwarysk wurdt it mar selden oanbean. It is te hoopjen dat der mei gauwens wer yn sa’n skriuwwizer foarsjoen wurdt, want dêr is ferlet fan.

 

juny 7, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.