Bouwe de Boer: Gongmakkers nei de takomst

juny 18, 2022 08:36

Kollum

Yn de wike fan Himelfeartsdei is in begjin makke mei it Arcadia-projekt ‘Karavaan nei de takomst’.
Arcadia is in inisjatyf yn it sok fan Kulturele Haadstêd 2018. Yn 2022 duorret dat hûndert dagen. Op 7 maaie is it úteinset. De ‘Bosk’ yn Ljouwert is dêr ien fan de bekendere projekten fan. Dat projekt wol ús Friezen yn beweging krije. Yn hokker beweging?

Dit seit it webstee fan Arcadia deroer (Dit is Arcadia – Arcadia):

Vanuit onze mooie provincie stellen we via kunst en cultuur vragen die gaan over voorouderschap: ‘Hoe ziet de wereld eruit waarin jij wilt leven? Wat wil je nalaten aan je kinderen en kleinkinderen?’ Wij geloven dat we samen kunnen zorgen voor een mooie(re) wereld. En kunst helpt ons daarbij: om samen te praten, om te leren van elkaar en om samen de schouders eronder te zetten. [1]

En dat is krekt wat de Karavaan nei de takomst ek berikke wol! Op Himelfeartsdei wie de karavaan yn Grou. ‘Grou2030’ stie sintraal as in foarbyld fan hoe’t yn in doarp mei ûndernimmers en ynwenners de mienskip yn fergriening, enerzjy, lokaal iten en safolle mear behelle wurde kin. Twa dagen letter wie de karavaan op de Reuzedei yn Akkrum, op sneon 4 juny yn Nes (NEF), ferline wike sneon yn Garyp en hjoed giet er nei Sibrandabuorren, Heech en Balk.

‘Boargemasters’
Tweintich boargemasters (‘Boargemasters foar ien dei’) binne dêr befrege oer harren ideeën foar in noch better Fryslân. Nei Arcadia wurde dy ideeën en mieningen oan de Fryske polityk oanbean. Jan Terlouw en André Kuipers brochten yn Grou, resp. Akkrum in boadskip mei hoop en kompliminten foar dy Fryske mienskippen.

Faantsje

René Meijer kriget it faantsje út hannen fan Bouwe de Boer. Foto op de thússide: de oare Grousters mei harren faantsje.

In hichtepunt wie de útrikking fan de kara-faantjes. Elk doarp mei mienskipsynisjativen hat in stikmannich minsken dy’t de grutste gongmakkers binne. Rin troch in doarp, freegje der fiif minsken nei en jo witte wa’t dat binne. Elkenien wit se te neamen! Sa wie dat ek yn Grou en Akkrum.
Yn Grou binne dat René Meijer, Enny van der Wiel, Lenie Braks en Dick Willemsen. Gjin twivel mooglik. It wie foar wethâlder Hein Kuiken dan ek gjn dreech karwei: tekst genôch foar dy gongmakkers.

Yn Akkrum is it Karavaantje utrikt oan Gretha Oost en de oan  frijwillige krêften efter de skermen fan de Reuzedei. Gretha set har al jierren foar in duorsum Akkrum yn en hat no regele dat der ein augustus tritich beammen fan it Arcadia-projekt Bosk nei Akkrum komme.

De karavaan giet troch, de kommende jierren ek. Wa’t mei wol kin him/har oanmelde op www.karavaan.frl

Dit is nûmer 65 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
[1] De gongmakkers fan Arcadia binne wakker begien mei ús takomst, mar it Frysk mei dêr gjin plak yn hawwe, sa is ûnderwilens wol dúdlik wurden. Red.
juny 18, 2022 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.