Bondelpresintaasje ‘Minym ferweech / Minieme gebaren’ op 11 juny by de Afûk

juny 4, 2022 07:50

Gedichten fan Peter van Lier, no yn in twatalige útjefte

Boarne: Afûk

Nigethawwers binne fan herte wolkom om de boekpresintaasje fan Minym ferweech / Minieme gebaren by te wenjen.

Datum: sneon 11 juny
Tiid: 11.00 oere
Plak: Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert

De ûntfangst is om 11.00 oere. Om 11.15 oere set de presintaasje útein mei in wolkomstwurd fan Ernst Bruinsma. Dêrnei is it wurd oan Peter van Lier, dy’t fertelle sil oer syn bân mei Fryslân en oer hoe’t it lânskip syn gedichten beynfloedet. It earste eksimplaar fan de bondel wurdt oanbean oan Elske Schotanus, dy’t de Fryske oersetting fan de gedichten makke hat. Peter en Elske sille beide ek gedichten út de bondel foardrage.

Wa’t ienris

Op ’e nij sa’n dei. Mei sinne
mar net te waarm. Sa’n dei.
Gelokkich falt my ek no wer yn ’t sin.

Wa’t ienris it behoffenjen
fan in fielerke waarnommen hat wit:
set noait sûnder euvelmoed de foet op it gers.

Op syn rêch lizzend is ek de lytste snúttuorre
kwetsber.

juny 4, 2022 07:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.