Binne Mosk: Tusken sjimpansee en bonobo

juny 20, 2022 19:43

Frans de Waal moandei 13 juny Grins

Skôging

Minsken hâlde fan seks en geweld. Dat is te begripen, want wy lykje op bonobo’s en sjimpansees. Dy steane fan alle primaten it tichtste by ús.

Frans de Waal docht al jierren ûndersyk nei primaten lykas sjimpansees en de bonobo’s. Hy publisearret deroer, bygelyks yn 2005: Our Inner Ape. A Leading Primatologist Explains Why We Are Who we Are, yn it Nederlânsk útjûn ûnder de titel De aap in ons. Waarom we zijn wie we zijn. Troch it ûndersyk fan De Waal leare wy in soad oer ússels. Wy binne ‘neakene apen’. Minsken sitte wat it DNA oangiet tusken de sjimpansees en de bonobo’s yn. Fan de iene kant hawwe wy de gewelddiedige kant fan de sjimpansees – sa hawwe wy bygelyks de Neandertalers útmoarde – fan de oare kant hawwe wy de freonlikens fan bonobo’s. Fan alle apen binne de bonobo’s it meast oan minsken besibbe.

De Alette Jacobshal yn Grins wie hast útferkocht op moandeitejûn 13 juny. Gjin wûnder want De Waal wie dêr om oer syn nijste boek te sprekken. Yn syn Anders ûndersiket de wrâldferneamde primatolooch ferskillen yn ‘gender’ en ‘sekse’ by minsken en oare bisten. Hy brûkt dêr syn wiidweidige kennis fan ús neiste sibben by: sjimpansees en bonobo’s. Wat is it geheim fan de froulike lieding fan freedsume maatskippij fan bonobo’s? En wat kinne wy ​​minsken leare fan manlike dominânsje en territorialiteit by sjimpansees? Tsjintwurdich wurdt faak oanfierd dat genderferskillen it gefolch binne fan sosjaal kontakt en opfieding, mar De Waal lit sjen dat it in biologyske basis hat.

Geslacht, sekse en ‘gender’ binne betiizjende begripen. It tydskrift Onze Taal skriuwt dêroer: It begryp ‘gender’ komt út it Ingelsk; it betsjut dêr oarspronklik ‘sekse’ ek ‘geslacht’. Tsjintwurdich hat it sawol yn it Ingelsk as yn it Nederlânsk in bredere betsjutting krige. Gender ferwiist, yn tsjinstelling ta sekse en geslacht, net nei biologyske skaaimerken, mar nei sosjale, kulturele en psychologyske skaaimerken dy’t mei in geslacht ferbûn binne. Gender omfettet wat tradisjoneel sjoen wurdt as ‘manlik’ en ‘froulik’, mar ek alles dêrtusken. Gender is ek de ‘rol’ dêr’t in persoan him it meast mei identifisearret: it gender fan ien hoecht dus net itselde te wêzen as it geslacht fan immen. Sjoernaliste Lisa Peters fettet it sa gear: “Sekse sit tusken de skonken, gender sit tusken de earen.” Yn it Nederlânsk wurdt gender soms útsprutsen mei in Ingelske g, as ‘dzjender’, en soms yn it Nederlânsk, as ‘gender’.

De Waal oer de BBC dy’t leaver gjin seks sjen lit
De BBC makket al jierren dokumintêren oer sjimpansees, want by dy bisten falt wat te sjen. By de bonobo’s falt minstens safolle te sjen, mar dan giet it net om geweld, aksje en spektakel, mar om seks. Seks net foar reproduksje, mar foar ferdivedaasje en as bynmiddel by de sosjale kontakten. Dat fine se yn Ingelân blykber net netsjes genôch om op de telefyzje sjen te litten. Bonobo’s hawwe seks yn allerhanne situaasjes, froulju mei froulju, masturbaasje, groepsseks en se hawwe seks yn de wûnderlikste hâldingen. Neffens De Waal soene de studinten der wat fan leare kinne.

Wy binne primaten, dat hâldt yn dat wy oaren sjen, fiele en rûke wolle. Foar de Covidútbraak wiene der guon dy’t tochten dat alle kontakten tusken minsken wol fia it kompjûterskerm koene, mar nei twa jier lockdownellinde hawwe se sokke ideeën net mear. Yn Amerika binne skoallen dêr’t se net wolle dat bern oaninoar sitte. Neffens De Waal in koartsichtich en ûnnoazel idee. It is just foar it grutwurden fan belang dat bern wol oaninoar sitte kinne.

Mem-apen leare oan harren jongen hoe‘t se termiten fange kinne. Alle primaten hawwe kultuer en leare dingen fan- en oaninoar: wat kinst ite, wat net, hokker fijannen en gefaren binne der. Dat learproses hat tiid nedich, sadwaande binne sjimpansees pas mei sechtjin jier folwoeksen. Wy, de minsklike primaten, pas as we in jier of tweintich binne.

Mem wurde is net maklik. As primaten yn finzeskip opwaakse, hawwe se somtiden gjin foarbyld fan hoe’t se in poppe it boarst jaan moatte. Der is yn sa’n gefal wolris in minsklike mem mei in poppe by helle om sjen te litten hoe’t dat moat.

Ferskillen tusken manlju en froulju
Der binne minsken dy’t tinke dat it dwaan en litten fan manlju en froulju benammen te krijen hat mei de opfieding. Dat idee wurdt net stipe troch wittenskiplik ûndersyk nei it hâlden en dragen fan primaten. Ast in sjimp in boartersguodpoppe joust, dan sille de froulju dermei ompopkje, wylst de manlju de poppe útinoar lûke om te sjen wat deryn sit. Darwin wie fan betinken dat froulju de yntellektuele mindere fan manlju wiene. Dat is absolút net sa, hoewol’t der wol ferskillen binne.

Der binne ek minsken dy’t tinke dat bisten allinne yn it hjoed libje. De Waal liet yn in filmke in bonobo sjen mei in jong efter op ’e rêch. Foar op ’e rêch hat se in stien lein en der toffelet se hûnderten meters mei nei in plak dêr’t nuten lizze. Dêr wurdt de stien brûkt om de nuten te kreakjen. Samar in foarbyld om sjen te litten dat it om yntelliginte bisten giet dy’t neitinke oer de takomst.

juny 20, 2022 19:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.