Binne Mosk: Tiid foar wat oars

juny 30, 2022 12:00

 

Kollum

Foto Binne Mosk

Neffens de Leeuwarder Courant fan tongersdei 23 juny hawwe Nederlanners achttjin dagen fakânsje efterinoar nedich om “weer op te kunnen laden”. SD Worx, in ynternasjonaal netwurk fan bedriuwen yn Antwerpen, hat it frege oan 10.000 Europeeske wurknimmers. Yn Ingelân hawwe se oan 8,5 dei genôch, wylst se yn Spanje en Finlân 27 en 34 dagen neame. Dy achttjin dagen fan ús lânslju lykje my dêrom in slach yn ’e loft om net te sizzen folsleine ûnsin. Wat seit hear Ollie B. Bommel der eins fan.

“Op in moaie simmermoarn siet hear Bommel foar it iepen rút te krantlêzen. Iterij en drinken stiene njonken him en efter him romme feint Joost rêstich de keamer op. ‘Ik begrijp niet waarom iedereen naar vakantie haakt’, sei hear Ollie. ‘Men kan zich nergens zo goed ontspannen als thuis, wat jij?’ ’Het spijt mij heer Olivier’, zei de knecht al redderend, ‘ik voor mij ontspan mij beter in onbekende landstreken, als ik zo vrij mag zijn…’ ’Onzin,’ hernam heer Ollie. ‘Onbekende landstreken kan je ook uit de krant wel leren kennen.’ (Marten Toonder, Het monster Trotteldom, 1964)

Hear Ollie is in rêstich type. Hy sit it leafst mei in goed glês by de iepen hurd. Hy makket in kuier by it Moerzwin oan de râne fan it Donkere Bomen Bos lâns of giet op besite by Marquis de Canteclaer. Syn langstme nei in freedsum bestean wurdt spitigernôch geregeld fersteurd troch kalamiteiten of in oare ûngelokkige set fan omstannichheden.

Bommel hat dúdlik gjin lêst fan wurkdruk, mar hy hat dan ek ûnbeheinde finansjele middels dy’t him dwaan litte kinne wat er wol. Dat stiet yn skril kontrast mei grutte lagen fan ús Nederlânske befolking. Gjin natuer, gjin Bommelstein, mar wurk en drok drok wurk, wol frije tiid, mar drokke drokke frije tiid.

It is hast net foar te stellen dat betelle fakânsjes foar brede parten fan de befolking datearje út ’e midden fan de foarige iuw. In skoftke lyn hearde ik yn in fraachpetear in âlde man dy’t fertelde oer syn heit, in Frânske arbeider, dy’t foar it earst betelle fakânsje krige. Dat wie nei in lange algemiene staking yn 1936. Betelle wurde en net wurkje, in nuver gefoel. En wat moatst dan mei dy frije tiid dwaan? In dei derop út op ’e fyts, by famylje op besite, of fiskje?

Der binne de kommende wiken lange fakânsjes yn Europa, benammen yn ferliking mei de Feriene Steaten en der binne ekstra lange fakânsjes yn it ûnderwiis. Se binne bedoeld foar de learlingen, want leare ferget mear ynspanning as wurkjen. Leare is ynspannender as lesjaan. Dat hat te krijen mei de mjitte fan kontrôle oer tiid en bestean. Hoewol, ek foar betûfte learkrêften, freget lesjaan in soad ynspanning, te fergelykjen mei in teäterfoarstelling: it publyk moat fermakke wurde.

De measte learlingen binne bliid as de fakânsje wer efter de rêch is. Skoalle is ommers folle mear as learen: do moetest freonen. Do makkest ôfspraken om nei skoalle wat aardichs te dwaan. Dus fuort mei dy ferfelende fakânsje.

De dichter Willem Wilmink skreau yn it gedicht Verveling:

Grote vakantie! Maandenlang! Nog één keer door die hoge gang, dan was je vrij.
Maar na een week had je geen zin en leek de blijdschap van ’t begin voorgoed voorbij.

Fan de redaksje: Binne Mosk giet yn de simmerrêst. Hy hat ús wite litten dat er oan dy achttjin dagen lang net genôch hat om wer op te laden. Dy skôgingen en kollums freegje it úterste fan lichem en geast. Hy giet derop út om alle lânskippen fan Merk Fryslân lykas boppesteande foto bylâns te gean.
Wy krigen op it lêste stuit ek in mail fan Feie Fonyk. Dy giet der ek op út, mar lit net witte wannear’t er wer begint. Net sa moai.

 

 

juny 30, 2022 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.