Binne Mosk: Hoe hâlde wy de geast yn de flesse
Resint ferskynd

Boarne: Morguefile
Kollum
Ik reizgje geregeld mei de trein nei Grins. Se steane der de lêste tiid net, de Jehova’s mei harren boekjes fan Wat leert de Bijbel echt en dat yn withoefolle talen. It binne ornaris ienfâldige mar freonlike minsken en ik haw ris sa’n fleurich boekje meinommen. Ien fan de haadstikken giet oer hoe’t wy omgean moatte mei ‘boze geesten’. Der moast ik oan tinke, doe’t ik fan ‘e moarn yn ús liifblêd de Volkskrant in oprop seach fan trijehûndert wittenskippers dy’t har soargen meitsje oer it klimaat yn de Twadde Keamer oangeande wittenskip en wittenskippers.
Dy oprop liket my terjochte. Ik haw opsocht wat de direkte oanlieding derta wie. Dat is it optreden fan Gideon van Meijeren dy’t Twadde Keamerlid is, mar ek yn Provinsjale Steaten fan Súd-Hollan sit en boppedat noch yn de gemeenteried fan Den Haag. Ik betink dat net. It stiet op syn Wikipediaside. Hoe’t er tiid fynt foar al dy banen mei Joast witte.
Hy hat in jier rjochten studearre, mar hy is blykber net oan it haadstik korrupsje takommen en wat dêroan te dwaan is. Yn it koroanadebat fan 24 maaie yn de Twadde Keamer beskuldige er Jaap van Dissel, de foarsitter fan it OMT, fan korrupsje. Neffens Van Meijeren wurdt Van Dissel betelle troch it ministearje en hat de polityk Van Dissel twongen om guon útspraken oan te passen. Ik sil hjir net op de details yngean. Sawol keamerfoarsitter Bosma as keamerlid Omtzigt sprutsen him oan op dy beskuldiging dêr’t gjin inkelde grûn of bewiis foar is.
Omtzigt stelde dat Van Meijeren misbrûk makket fan de parlemintêre ûnskeinberens. Ommers, der binne twa mooglikheden. Do klagest Van Dissel bûten de Twadde Keamer oan foar korrupsje. Dat is in “Strafbaar feit”. Der kin ûndersyk nei dien wurde. Ast dat net wolst of doarst, dan moatst dat wurd net yn de Twadde Keamer brûke.
Dy Van Meijeren is in “boze geest”. Ien dy’t in wittenskipper yn in kwea deiljocht stelt. Keamerlid Wieke Paulusma sei yn itselde debat: “Ik vind het gevaarlijk wat meneer Van Meijeren hier doet. U beticht nu iemand van corruptie, waar nul bewijs voor is en ik zie het al gebeuren dat online de hetze nog weken doorgaat.” Dat hie se goed sjoen. Sjoch it digitale kommentaar op it debat.
Wat moatte wy no mei sokken as dy van Meijeren dy’t sels sa fier gie om te sizzen dat ûnôfhinklike rjochtspraak net bestiet. Fansels hawwe wittenskippers harren belangen, mar der wurdt benammen troch Forum van Democratie in sfear sketst dat wittenskippers as Marion Koopmans en Jaap van Dissel mar wat sizze en har net liede litte troch de wierheid en it “belang fan it folk”.
Dat minsken lykas de Jehova’s harren net liede litte troch de wittenskip. Hawar. Dat harren boekjes folstean mei net te folgjen ûnsin. Hawar. Se falle de wittenskip net streekrjocht oan. Dat in Twadde Keamerlid, lykas dizze eigenwize kwal – sjoch syn optreden yn it taheakke filmke, dy eigenwizens hat er grif ôfsjoen fan syn maat Baudet, noch sa’n kwal – de wittenskip en wittenskippers oanfalt dat is fan in oar gehalte. Hy is net de iennige. It wurdt tiid dat soks ophâldt. Wy meie hoopje dat mei de oprop fan 2 juny de “boaze geast ” tenei yn de flesse bliuwt.
Hjirby it debat:
Bêste Pier Bergsma,
In pear opmerkings
1. Wittenskip bestiet kwaliks. It measte is wittenskiplik, dat betsjut dus ‘liket op wittenskip’.
2. Je moatte akseptearje dat der minsken binne dy’t net jo unieke miening diele. Sels tink ik, hoe mear mieningen, hoe moaier it is.
3. Jo witte in protte, dochs dêr is folle mear dat jo net witte.
4. Dat jo neame dat Gideon van Meijeren in jier rjochten studearre hat, jowt oan dat jo j’n húswurk net goed dien ha. Dan kom je yn de buert fan swetsen, dat betsjut dat je oer grinzen geane. (In Swette is in grinssleat)
5. Dêr is gjin ûnôfhinkelike rjochter. Ministerie fan Justysje en Feiligens, wat neffens de Keamer fan Keaphannel in ûndernimming is, betellet sa wol de plysjeman/frou, as de offisier fan justysje, as de rjochter. Mooglik wiite jo it noch net mar ek hjir jild: ‘Wie betaalt, die bepaalt’.