Bêste hybride wurkjouwers yn Fryslân

juny 13, 2022 10:17

It lanlik mobiliteitsplatfoarm Zo Werkt Het! is in inisjatyf fan tolve mobiliteitsnetwurken. Dy sette har mei-inoar yn foar it stimulearjen fan duorsum en tûk wurkjen en reizgjen. It Ryk en de regionale oerheden hawwe dat mooglik makke.
Yn Fryslân hjit it inisjatyf Werk Slim, Reis Slim (WSRS).

De kampanje fan Zo Werkt Het! om de bêste hybride wurkjouwer fan 2022 te finen hat in protte reaksjes oplevere. Hûnderten wurknimmers droegen harren wurkjouwers foar.

Winners yn Fryslân
Yn fjouwer kategoryen (neffens it oantal wurknimmers) hat WSRS de Fryske prizen útrikt.

  • 0-20: HDM Pipelines BV, Ljouwert
  • 20-50: Better Be Goods, Harns
  • 50-200: Voort, It Hearrenfean
  • 200+: Gemeente Ljouwert

Dy priiswinners tingje mei nei de lanlike prizen, dy’t moarn bekend makke wurde.

juny 13, 2022 10:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.