Bern eksposearje foto’s yn Frysk Museum
Resint ferskynd
Yn FotoPodium toane 32 bern harren bysûnderste, geastichste en bjusterbaarlikste foto’s. Under begelieding fan profesjonele fotografen giene de bern op syk nei dy iene foto dy’t harren ferwûnderet; steand, lizzend, springend, sittend en krûpend. It einresultaat is oant en mei 10 july fergees te sjen yn in presintaasje yn ’e hal fan it Frysk Museum.

Foto: Kunstkade
FotoPodium, in programma fan Kunstkade, leaut yn de unike blik fan elts bern en jout dy in passend poadium. De ôfrûne moannen waarden learlingen út groepen 5 o/m 7 fan IKC De Wielen, GBS De Princenhof, IKC Aventurijn en OBS De Finne ûnderdompele yn de wrâld fan fotografy. Hja krigen les fan profesjonele fotografen Vincent Schiphorst, Yvonne Feijten en Willy Sybesma en in masterles fan Noorderlicht. De bern learden goed en bewust te sjen, meitsjen, ûndersykjen, eksperimintearjen, gearwurkjen en mear. FotoPodium daget de bern út om oer fotografy te diskusjearjen, te filosofearjen en bylden te befreegjen.
FotoPodium is in programma fan Kunstkade en wurdt mei mooglik makke troch Frysk Museum, Noarderlicht en BeeldLetters.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje