‘Anders Bekeken’ oer de Terp fan de Takomst

juny 8, 2022 10:16

Fan It Fryske Gea

Yn Kennis- en Ynformaasjesintrum Hegebeintum hâldt It Fryske Gea sûnt 3 juny de tydlike eksposysje ‘Anders Bekeken’ oer de Terp fan de Takomst. Dat bysûndere projekt is ýn it briedseizoen dus al te belibjen. Mienskip, kultuerhistoarje en lânskip binne de trije belangrykste eleminten foar de Terp fan de Takomst, dy’t yn de kwelders by Blije yn Noard-Fryslân Bûtendyks opwurpen is.

Foto © IFG

Om de Terp fan de Takomst hinne lizze âlde ferhalen beskûle en binne nije ferhalen te meitsjen. Twa mânlju – Harry Feenstra, dy’t yn it gebiet wennet en Ruud Reutelingsperger, dy’t de terp ûnwurpen hat – binne der fan it begjin ôf yn behelle en diele harren ferhalen yn de eksposysje. Stefien Smeding is spesjalist kultuerhistoarje en lanskip by It Fryske Gea: “De inisjatyfnimmers hawwe in bân mei dit gebiet en syn skiednis. It libjen mei de see sit harren yn it DNA. Dát yn kombinaasje mei de bysûndere terp is op himsels al in hiel belibjen!”

Kom foaral nochris werom
De Terp fan de Takomst sels moat nei it briedseizoen ûnderfûn wurde. Fan de dyk ôf is er hiele jier troch te sjen. It Fryske Gea nûget nei it briedseizoen it publyk út om him fan tichtebij te besjen. Op 16 july drage de Blijer inisjatyfnimmers ‘harren terp’ oan eigener en behearder fan it gebiet, It Fryske Gea, oer. Dêrnei is de Terp oant 15 maart 2023 tagonklik, alteast as de see it tastiet! Want dy is dêr noch altyd de baas.
De eksposysje ‘Anders Bekeken’ makket fan 1 oktober ôf diel út fan fan de eksposysje yn it Kweldersintrum, it besikerssintrum fan It Fryske Gea by de seedyk by Hallum.

De folsleine ynformaasje mei mear foto’s is te finen op Expositie ‘Anders Bekeken’ over Terp fan de Takomst in Hegebeintum – It Fryske Gea.

juny 8, 2022 10:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.