‘Andere tijden’ op ’e fyts
Resint ferskynd
It skiednisprogramma Andere Tijden komt moandei mei in spesjaal argyfprogramma oer ús trouste ferfiermiddel: de fyts. De Nederlanner en de fyts binne nau mei-inoar ferbûn. It is ús ferfiermiddel by útstek en fansels meie dierberen en bern efterop. Op ’e fyts fielt men jin frij. Moandei 20 juny om 20.35 oere te sjen by de NTR op NPO 2.

Maliebaan Utert 1885 (boarne: Utrechts Archief – rjochtefrij)
Foar it programma gie de redaksje fan Andere Tijden op syk nei de bysûnderste fytsbylden út it ferline. Sa is te sjen hoe’t fytsers har yn de tweintiger jierren noch mei gefaar foar eigen libben yn it drokke stedsferkear fan dy tiid stoarten. As de auto yn ’e sechtiger jierren syn grutte opkomst makket, wurdt it troch alle ûngelokken dúdlik dat der fytspaden oanlein wurde moatte. Dêr is Nederlân oant hjoed-de-dei in foarbyld yn foar oare lannen.
Op ’e fyts ûnderfynt men frijheid. Oft it no giet oer froulju yn ’e tritiger jierren dy’t har sûnder man ferpleatse koene, de earste fytsfakânsje fan jongelju yn ’e fyftiger jierren, of it winnen fan in pleatslike hurdfytsomgong. It programma giet fan Jan Janssen oant Mark Rutte, fan jong leard nei e-fyts. Mei muzyk dy’t ek in oade oan krantejonges en de Nederlânske fytsmerken is.
Hokker feroaringen hat de fyts troch de jierren hinne ûndergien? Op de Twatsjiller-RAI-útstalling wurde ûnder mear it fytsslot en it bernesitsje yntrodusearre en jierren letter sil de fyts mei akku folgje. Dêrtroch kin de iensume fytser bealgjend op ’e dyk ynhelle wurde troch in ûntspande fytser op jierren.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje