Amtners Sry Lanka krije freeds frij om iten te ferbouwen

juny 17, 2022 08:49

In grut part fan de Srylankaanske amtners kriget de kommende trije moanne freeds frij om yn de eigen tún iten te ferbouwen. It Aziatyske lân is yn krisis, der is in grut tekoart oan iten, genêsmiddels en brânje en der is sprake fan in enoarme ynflaasje.

Foto: pixabay.com

De maatregel moat helpe om it itenstekoart tebek te kringen. In bykommen foardiel is dat der dan minder wen-wurkferkear is, sadat ek minder brânje nedich is. It Srylankaanske regear betellet de amtners de kommende trije moanne de ‘frije dei’ troch. Yn in ferklearring stiet dat se de “nedige fasiliteiten” krije om iten ferbouwe te kinnen. De maatregel jildt net foar meiwurkers dy’t in krusjale funksje by de oerheid hawwe lykas yn de wetter- en elektrisiteitsfoarsjenning of yn de soarch. Likernôch ien miljoen fan de 22 miljoen ynwenners fan de eilânsteat wurket by de oerheid.

Grutte tekoarten
In moanne lyn warskôge premier Wickremesinghe syn lângenoaten dat de kommende moannen “de dreechste fan ús libben wurde”, fanwege de grutte tekoarten. Srylankanen steane faak oeren yn ’e rige foar tankstasjons. Dêrnjonken is der soms oerenlang gjin elektrisiteit, trochdat de stroomfoarsjenning út need ôfsletten wurde moat.

Under it bewâld fan âld-premier Mahinda Rajapaksa giene de lêste jierren de belestingen flink omleech en waarden der yn it bûtenlân rekkens ôfsletten foar projekten dy’t hast neat opsmieten. It gefolch wie dat opnij liend wurde moast om de rinte op dy eardere lieningen betelje te kinnen. Dêrnei bruts de koroanagoarre út, rûn it toerisme tebek en naam de ynflaasje flink ta, ûnder mear troch de wrâldwide stiging fan enerzjy- en grûnstofprizen. Dêrtroch is neffens de autoriteiten no sprake fan de slimste krisis yn desennia.

De Feriene Naasjes binne fan doel om mei in needpakket fan 45 miljoen euro te kommen, dêr’t ien miljoen kwetsbere Srylankanen mei holpen wurde moatte. Dêrneist is it Srylankaanske regear yn petear mei it Ynternasjonaal Monetêr Fûns oer finansjele stipe. De Feriene Steaten joegen fan ’e wike al oan klear te stean om te helpen.

juny 17, 2022 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.