Ambassadeurs Waadsee Wrâlderfgoed huldige

juny 27, 2022 08:44

Op de Dei fan it Waad, in dei mei allegear feestlike aktiviteiten om trettjin jier Wrâlderfgoed te fieren, binne de earste ambassadeurs fan Waadsee Wrâlderfgoed huldige. Op trije lokaasjes by de Waadkust del wie in feestlik momint dêr’t tweintich ûndernimmers ûnder tasjend each fan de Waadprovinsjes it ûnthjit foar in weardich ambassadeurskip ûndertekene hawwe.

Ambassadeurs Fryslân (foto: Marleen Annema Fotografie)

Ambassadeurs Waadsee Wrâlderfgoed binne ûndernimmers dy’t in training Wrâlderfgoed Waadssee fan twa dagen trochrûn hawwe. Oan ’e hân fan in griene kontrôlelist koene se oantoane dat se duorsume stappen yn harren bedriuwsfiering sette. Dat ûnthjit hawwe se sneon ûndertekene en jout oan dat dy ûndernimmers mei respekt foar minske, bist en omjouwing yn harren gebiet wenje, wurkje en libje.

Huldiging ambassadeurs Waadsee Wrâlderfgoed
De provinsje Grinslân wie yn Lauwerseach fertsjintwurdige troch deputearre Mirjan Wulfse om de ambassadeurs te lokwinksjen. Yn Hippolytushoef yn ’e kop fan Noard-Hollân wie de huldiging mei de earste groep besiele ambassadeurs. Yn Aldebiltsyl hie deputearre Avine Fokkens-Kelder dy eare út namme fan de provinsje Fryslân en spruts sy loovjende wurden rjochting Waadsee Wrâlderfgoed en de ambassadeurs: “Dit prachtige gebiet fertsjinnet it om beskerme te wurden. Wat fantastysk dat dizze ambassadeurs dêroan bydrage. Wy binne goed op wei om fan it Waadgebiet ien fan de duorsumste bestimmingen fan Europa te meitsjen.”

Ambassadeurs Grinslân (foto: Sebastiaan Rodenhuis Fotografie)

Begjin ambassadeursprogramma
Nei it foarbyld fan it Dútske en Deenske Waadgebiet is der no yn it Nederlânske part ek in ambassadeursprogramma. It doel is om de Wrâlderfgoedstatus mear foar it fuotljocht te bringen, om tagelyk de grutskens en kwetsberens mear út te dragen. Dat soarget ek foar mear bewustwêzen by besikers. Dat se yn in unyk en beskerme gebiet binne en dêr mei respekt foar minske, bist en omjouwing goed fan genietsje kinne.

In oersjoch fan de ambassadeurs is te finen op werelderfgoed.visitwadden.nl.

It ambassadeursprogramma is in mienskiplik inisjatyf fan ferskate behelle partijen en wurdt yn opdracht fan it ministearje fan LNV ûntwikkele as ûnderdiel fan Interreg-projekt Prowad Link.

Ambassadeurs Noard-Hollân (foto: Peter van Aalst)

juny 27, 2022 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.