27 juny ferskynt ‘Fryslân yn de Gouden Iuw’ fan Philippus Breuker

juny 18, 2022 09:26

Hoe seach Fryslân der yn de Gouden Iuw út? Wat hat tusken 1585 en 1685 it ûnderskiedende west fan Fryslân binnen de Republyk? Fryslân ûnderskate him fan de oare gewesten troch in eigen steedhâlder, in bloeiende akademy en troch in taal.

Boarne: Noordboek

Lju út de boargerij koene foar it earst in foarnaam plak fine yn de maatskippij en waarden sa diel fan de regintemacht. In nije, ûnôfhinklike steatsfoarm koe opboud wurde. Mar om 1620-1630 hinne waard yn reginterûnten eigenbelang boppe publyk belang steld en de ekonomyske efterútgong fan 1650 ôf makke dat doe in iuwen duorjende statyske stannemaatskippij ûntstie.

De Gouden Iuw wie foar Fryslân in bloeiperioade dy’t noait mear neifolging krige.

Philippus Breuker (1939) hat meiwurker fan de Fryske Akademy west en heechlearaar oan de universiteiten fan Leiden en Amsterdam. Hy publisearret oer skiednis, letterkunde en lânskip fan Fryslân.

Fryslân yn de Gouden Iuw | Philippus Breuker | ISBN 978 90 561 5911 5 | hurd kaft | 640 siden | ferkeappriis € 49,90 | ferskynt 27 juny by Bornmeer

juny 18, 2022 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.