27 juny – Dei fan de Sinnebril
Resint ferskynd
No’t de simmer wer begûn is en de wrâld troch klimaatferoaring stikken waarmer wurdt, is der ien wûndermiddel dat ús beskermet tsjin ús stjer: de sinnebril. Sinnebrillen binne wichtich foar beskerming, mar tsjintwurdich ek in moade-artikel. Op 27 juny is it de Ynternasjonale Dei fan de Sinnebril en dan stiet de sinnebril dus yn it… sintsje

Foto: pixabay.com
De Dei fan de Sinnebril hat gjin dúdlike oprjochter of oarsprong, mar is troch de jierren hinne op de sosjale media begûn te libjen. Underwilens dogge optisiens oer de hiele wrâld oan de Dei mei troch net allinne koartingen op sinnebrillen te jaan, mar ek in soad foarljochting oer it belang fan in goede sinnebril en wêr’t men by it keapjen fan in sinnebril om tinke moat.
Der sit ek in ynteraktyf elemint oan de Dei. Wy kinne dan in #SunGlassSelfie meitsje (in foto fan ússels mei in sinnebril op) en dy op Facebook diele.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje