21 juny, de Dei fan de Lange Minsken

juny 21, 2022 07:00

Lange minsken hawwe it net altyd maklik. Goed, mei konserten sjogge se maklik oer elkenien hinne, mar dat waacht net op tsjin de krappe stuoltsjes yn de bus, se hawwe gjin romte foar de skonken yn it fleantúch, spegels dy’t te leech hingje, bêden yn hotels dy’t faak te koart binne en fragen oft it dêrboppen kâld is… Lang wêze hat sa syn neidielen, en dy problematyk stiet sintraal op de Dei fan de Lange Minsken op 21 juny.

Dy datum is net hielendal tafallich keazen. De Dei fan de Lange Minsken is op de langste dei fan it jier. De Dei is yn it libben roppen troch de “Stichting Lange Mensen” fan Rob Bruintjes, dy’t mei syn 2,21 meter ien fan de langste minsken fan Nederlân is, en kleanwinkel Pretty Tall. Bruintjes lobbyt al jierren foar bettere foarsjennigen foar lange minsken. Sa besiket er te regeljen dat testen fan auto’s en caravans oanpast wurde foar lange minsken en regelet er ynformaasje foar spesjaalsaken.

Boarne: pixabay.com

juny 21, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.