Ytbere keunstynstallaasje yn Frysk Museum toant ynfloed fan klimaatferoaring op natuer
Resint ferskynd
Yn de perioade fan Arcadia (7 maaie o/m 14 augustus 2022) hat it Frysk Museum mei de ynstallaasje ‘Swiet – Swit’ fan keunstnerskollektyf De Onkruidenier in libbene yntreehal. Dy waard mooglik makke troch gearwurking mei Keunsthûs SYB.

‘Sweet – Sweat’ (foto: Sjoerd Knol)
Yn 2021 ferbleau keunstnerskollektyf De Onkruidenier by Keunsthûs SYB yn Beetstersweach foar in residinsje yn it Fryske lânskip. De ynstallaasje groeit mei it hûndert dagen duorjende Arcadia en stelt fragen oer ús takomst yn relaasje ta ús omjouwing. It wurk ‘Swiet – Swit’ is ûnderdiel fan de útstalling Fertile Grounds dy’t no yn it Frysk Museum te sjen is.
Mei wetterbakken, ljocht en kleur wurde mei ‘Swiet – Swit’ groeiomstannichheden kreëarre, ôfstimd op eltse plant. Yn de wetterbakken wurde ferskate ytbere planten op swiet en sâlt wetter kweke. Mei dy fleksibele ynstallaasje ûndersiket De Onkruidenier de histoaryske, kulturele en potinsjele transformaasjes fan de natuer. De ynstallaasje is sûnder yntreebewiis te besjen yn de museumhal.
‘Swiet – Swit’ is it Fryske part fan ‘Sweet – Sweat’, in langrinnend ûndersyk fan De Onkruidenier nei de ûneinige ferbûnens tusken swiet en sâlt yn ús lichem en yn it lânskip. Mei in stiigjende seespegel en in delgeande boaiem, freget it kollektyf hoe’t de minske him dêr ta ferhâlde kin. Wylst we yn Nederlân allegeduerigen wetter behearskje mei slûzen, dammen en diken en it wetterpeil systematysk yn ’e gaten hâlde, stelt De Onkruidenier in oar perspektyf foar: wat bart der as de minsken har oan in feroarjend lânskip, dat hieltyd wieter en sâlter wurdt, oanpasse?

Christien Meindertsma ‘Groeiende wilgjes’ (foto: Mathijs Labadie Photography)
Feangreidegebiet
No is ek de útstalling Fertile Grounds: in nije blik op Fryske feangreide mei Christien Meindertsma te sjen. In grut part fan Fryslân bestiet út feangreidegebiet. Fean spilet in essinsjele rol yn de globale klimaatkrisis, want ferspraat oer de ierde befetsje de feangebieten twa kear safolle CO2 as alle bosken mei-inoar. Nettsjinsteande harren ekologyske kaairol binne de gebieten yn gefaar. Turfwinning, yntinsive lânbou en melkfeehâlderij hawwe derfoar soarge dat it fean rap útdrûget.

Christien Meindertsma (foto Kenta Hasegawa)
Oant en mei 10 april 2023 binne trije sealen yn it Frysk Museum ynrjochte as dynamysk laboratoarium dêr’t besikers mei-inoar yn petear geane. Friezen, boeren, politisy, natuerleafhawwers en eksperts bûgje harren oer in sintrale fraach: ‘Hokker takomst wolle jo foar it Frysk feangreidegebiet?’ De útstalling lit nij wurk fan de Nederlânske ûntwerper Christien Meindertsma sjen. Hja makke dat wurk yn gearwurking mei de kuratoaren fan Fertile Grounds: Laura Drouet en Olivier Lacrouts fan Studio d-o-t-s. Fertile Grounds is ûnderdiel fan Arcadia 2022.
De Onkruidenier, it Frysk Museum en Keunsthûs SYB wurkje yn Arcadia 2022 mei-inoar gear.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje