Ynternetkriminaliteit yn Fryslân nimt mei 22,8% ôf

maaie 21, 2022 09:30

Yn Fryslân is it tal gefallen fan ynternetkriminaliteit yn it earste fearnsjier fan 2022 mei hast in fearn ôfnommen neffens deselde perioade ferline jier. Dat is mear as dat it lanlik ôfnaam (14,8%). Dochs komme digitale misdriuwen yn Fryslân noch hieltyd folle faker foar as foar it útbrekken fan de koroanakrisis. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan VPNGids.nl op basis fan de lêste plysjesifers.

Foto: Pexels/Sora Shimazaki (rjochtefrij)

Yn de earste trije moanne fan dit jier waarden yn Fryslân 78 meldingen fan ynternetkriminaliteit, lykas WhatsApp-fraude of fiskjen by de plysje registrearre. Ferline jier melden noch 101 Friezen in digitaal misdriuw, wylst sa’n misdriuw yn 2019 noch mar 73 kear foarkaam.

Measte kâns om slachtoffer te wurden yn Eaststellingwerf
De kâns om slachtoffer fan ynternetkriminaliteit te wurden is it grutst yn Eaststellingwerf. Yn dy gemeente wie – yn ferhâlding ta it tal ynwenners – de measte ynternetkriminaliteit yn it earste fearnsjier fan 2022. De top fiif fan Fryske gemeenten mei de measte ynternetkriminaliteit op tsientûzen ynwenners sjocht der sa út:

  1. Eaststellingwerf: 2 meldingen op 10.000 ynwenners;
  2. Waadhoeke: 1,5 meldingen op 10.000 ynwenners;
  3. Ljouwert: 1,4 meldingen op 10.000 ynwenners;
  4. Harns: 1,3 meldingen op 10.000 ynwenners;
  5. Tytsjerksteradiel: 1,2 meldingen op 10.000 ynwenners.

De kâns op ynternetkriminaliteit is it lytst op de Waadeilannen It Amelân en Skiermûntseach. Dêr waard it earste fearnsjier fan 2022 sels gjin inkelde melding fan ynternetoplichting dien. Yn Opsterlân is de kâns op ynternetkriminaliteit ek lyts mei 0,3 meldingen op tsientûzen ynwenners.

Ynternetkriminaliteit nimt ôf, mar net yn eltse provinsje
Wylst yn it earste fearnsjier fan 2021 yn Nederlân noch 3.806 meldingen fan ynternetoplichting by de plysje ynkamen, wiene dat yn deselde perioade fan dit jier 3.242. Dat wie lykwols net oeral it gefal: yn Seelân is in stiging fan 53,1% fan it tal gefallen fan digitale kriminaliteit en ynternetoplichting. Yn Flevolân (+40,3%) en Utert (+14,3%) naam it tal gefallen fan ynternetkriminaliteit ek ta.

maaie 21, 2022 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.